bronnen

Eindexamen fries vwo 2015, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Is elk wittenskiplik ûndersyk wol wittenskiplik?

11p
Wat is de funksje fan alinea 1?
Alinea 1
A beskriuwt it sintrale probleem.
B yntrodusearret in saakkundige/ekspert.
C jout in anekdoate.
21p
Wêrom stiet ‘ûndersyk’ (r. 5) tusken oanhellingstekens?
Brûk net mear as 15 wurden.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 3 en 4.
“de kâlde dûs fan krityk fan kollega’s” (r. 28-29)
31p
Fan hokker bysûnder taalgebrûk is hjir sprake?
A It is in metafoar.
B It is in personifikaasje.
C It is in understatement.
D It is irony.
41p
Wat bedoelt de skriuwer mei de beskriuwing ‘de kâlde dûs’?
Yn alinea 3 makket Piersma ûnderskied tusken ‘echte wittenskip’ en ‘net-
echte wittenskip’, dy’t by in soad belied as ûnderbouwing brûkt wurdt
(r. 31-35).
53p
Neam trije skaaimerken fan it bedriuwen fan echte wittenskip dy’t yn de
alinea’s 4 en 5 neamd wurde.
61p
Hoe sjocht Piersma it bedriuwen fan wittenskip yn alinea 4?
A as ambachtlik
B as ynspannend
C as riskant
D as ûnderdanich
71p
Wêrom soe Piersma – mei it each op syn eigen fyzje op wittenskip – eins
bliid wêze moatte mei de hannelwize fan de media?
“Elke stap... oerein bliuwt.” (r. 106-112)
81p
Jou de sin út alinea 4 dy’t mei dit tekstpart oerienkomt.
“It proses fan it oanhâldend tsjin it ljocht hâlden fan ‘wierheden’ is fan grut
belang yn it maatskiplik ferkear.” (r. 121-123)
91p
Wêrom stiet ‘wierheden’ hjir tusken oanhellingstekens?
De volgende inleiding hoort bij de vragen 10 en 11.
“It binne twa moaie foarbylden fan hoe’t it yn de wittenskip om en ta giet.
It docht bliken, dat de oanfallen goed wurkje.” (r. 147-150)
102p
Hokker twa foarbylden wurde bedoeld?
112p
Jou foar elk foarbyld oan mei hokker krityk oanfallen wurdt.
“bewenners fan de ivoaren tuorren” (r. 176-177)
121p
Wa wurde dêr mei bedoeld?
131p
Wat is de funksje fan it oanheljen fan Piersma syn eigen fakgebiet yn de
alinea’s 13 en 14?
It is in foarbyld fan hoe’t
A it yn it ferline wolris ûntsettend misrûn is.
B it net sûnder pynlike konklúzjes kin.
C lêstige kwestjes tefoaren kommen wurde kinne.
142p
Wat is it antwurd fan Piersma op de fraach dy’t yn de titel steld is?
Antwurdzje mei ja of nee en ljochtsje it antwurd ta.
Brûk foar de taljochting net mear as 20 wurden.

opgave 2Tekst 2 Wy binne net safolle fierder

“Tegearre mei Le deuxième Sexe (De Twadde Sekse) fan Simone de
Beauvoir joech dat boek de oanset ta de Twadde Feministyske Weach,
dy’t duorre oant yn de jierren njoggentich.” (r. 10-15)
152p
Ferklearje de titel fan it boek fan Simone de Beauvoir oan ’e hân fan twa
aspekten dy’t yn de alinea’s 1 oant en mei 3 beskreaun wurde.
Ut alinea 2 kin opmakke wurde wat in wichtich idee fan de earste
Feministyske Weach wie dy’t neitiid gjin stân hold.
161p
Neam it idee.
“Mar ûnder de oerflakte wynt it har wat yn it liif om.” (r. 38-40)
171p
Wat wurdt mei dy sin bedoeld?
“‘In honger dy’t iten net sêdzje kin’”. (r. 40-41)
181p
Wat bedoelt Betty Friedan mei ‘honger’?
191p
Yn hokker opsicht komme it doel fan de Earste en it doel fan de Twadde
Feministyske Weach oerien?
Brûk net mear as 20 wurden.
203p
Set fjouwer ferskillen tusken 1963 (alinea 2) en no (alinea 3) foarinoar
oer:
1963
no
Berop húsfrou
Minder froulju dy’t inkeld húsfrou
binne
211p
Wat is it ferbân tusken it tekstpart “Yntiid binne... oer hat.” (r. 42-44) en
de rest fan alinea 3 (r. 45-66)?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in redenjaand ferbân.
D It is in tsjinstellend ferbân.
221p
Wat is it ferbân tusken it tekstpart “Sifers fan... yn 1963.” (r. 51-66) en
alinea 4?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in redenjaand ferbân.
D It is in tsjinstellend ferbân.
“Is Friedan har dream dat froulju út eigen yntellektuële fearren fleane
soenen en harrensels en harren geastlike fermogens ûnbehindere
ûntwikkelje soenen, wol útkommen?” (r. 69-74)
232p
Beäntwurdet de skriuwster fan dizze tekst, ôfgeande op de ynhâld fan
alinea 4, de fraach befestigjend of ûntkennend? Ljochtsje it antwurd ta.
241p
Wat is it ferbân tusken alinea 5 en alinea 6?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
Deze inleiding hoort bij de vragen 25 en 26.
Yn de alinea’s 5 oant en mei 7 leit de skriuwster út dat froulju noch hieltyd
net foar fol yn it arbeidsproses meidwaan kinne.
253p
Neam út dit tekstpart trije foarbylden dy’t neffens de skriuwster dizze
stelling yllustrearje.
261p
Jou de term dêr’t de skriuwster twa fan dy foarbylden mei omskriuwt.
Deze inleiding hoort bij de vragen 27 en 28.
De skriuwster giet yn op de eftergrûn fan it hearskjende idee oer
froulikheid troch ferklearringen fan Freud (alinea 8) en Swaab (alinea 9) te
beskriuwen.
271p
Yn hokker opsicht komme de ferklearringen fan Freud en Swaab oer de
sekseferskillen oerien?
282p
Wat is it (belangrykste) ferskil tusken de ferklearringen fan Freud en
Swaab?
291p
Sitearje de sin dy’t de haadgedachte fan de alinea’s 10 en 11 ferwurdet.
“Sa’n ferhaal sil men hjoed-de-dei net gau mear opheine.” (r. 243-244)
302p
Lis út op hokker ûnderskied tusken eartiids en no de skriuwster hjir doelt.
Deze inleiding hoort bij de vragen 31 tot en met 33.
De kearn fan de tekst, tusken ynlieding en slotalinea, kin mei
ûndersteande kopkes yn trije opienfolgjende parten opdield wurde:
diel 1: Ferliking mei tsjintwurdich
diel 2: Mooglike ferklearringen
diel 3: Fyzjes op de frou
311p
By hokker alinea begjint diel 1?
321p
By hokker alinea begjint diel 2?
331p
By hokker alinea begjint diel 3?
341p
Wat foar tekstsoarte is ‘Wy binne net safolle fierder’?
A It is in redenearring.
B It is in skôging.
C It is in útiensetting.
351p
Hokker fan de ûndersteande sinnen jout de haadgedachte fan de tekst it
bêste wer?
A Alhoewol’t it tinken oer de frou gâns feroare is, binne de
arbeidspartisipaasje fan froulju en harren tagong ta it ûnderwiis yn
ferliking mei fyftich jier ferlyn amper tanommen.
B De arbeidspartisipaasje fan froulju en harren tagong ta it ûnderwiis
binne yn ferliking mei fyftich jier ferlyn tanommen, mar it tinken oer de
frou is yn essinsje amper feroare, dat froulju kinne har tsjintwurdich
noch hieltyd net foldwaande ûntjaan.
C De arbeidspartisipaasje fan froulju en harren tagong ta it ûnderwiis
binne yn ferliking mei fyftich jier ferlyn tanommen, trochdat it tinken
oer de frou gâns feroare is.
D Froulju út de 21ste ieu kinne har folslein ûntploaie, sa’t bliken docht út
harren hegere arbeidspartisipaasje en bettere tagong ta it ûnderwiis
yn ferliking mei fyftich jier ferlyn.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.