bronnen

Eindexamen fries vwo 2014, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Fryslân: it bêste lân of it bêste merk fan d’ ierde?

11p
Hoe wurdt it ûnderwerp fan de tekst yn alinea 1 ynlaat?
Yn alinea 1 wurdt
A in foarbyld fan in mediahype jûn.
B in gearfetting fan de rest fan de tekst jûn.
C in konklúzje foarôf jûn.
D in pakkende útspraak oer it sintrale tema jûn.
21p
Wat is it ferbân tusken alinea 1 en alinea 2?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in oarsaaklik/redenjouwend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
31p
Fan hokker bysûnder taalgebrûk is yn it tekstpart “Pleiten fan... berikt
hienen.” (r. 44-48) sprake?
A It is in hyperboal.
B It is in metafoar.
C It is in personifikaasje.
D It is sarkasme.
41p
Lis út wat it ferbân is tusken it sinpart “It publike... yn
ienrjochtingsmonologen” (r. 41-43) en de sin “Krityske en... soere
sechstigers” (r. 61-67).
Krityske en skeptyske lûden wurde neffens de skriuwer ferbûn mei
synisme (r. 61-64).
52p
Hokker twa sinparten ûnderstreekje dat ûnderstelde synisme?
61p
Om hokker reden woe de kultuerdeputearre de saak wat delbêdzje
(r. 77-78)?
Dizze ynlieding heart by de fragen 7 en 8.
“De ferklearring dêrfoar leit benammen yn de hege ferwachtingen fan de
impact en de ekonomyske opbringsten dy’t him om de titel fan European
Capital of Culture hinne foarme hawwe.” (r. 93-98)
72p
Wat hâlde dy hege ferwachtingen yn?
Helje dyn antwurd út alinea 6.
81p
Wurde dy hege ferwachtingen neffens de skriuwer altyd wiermakke?
Motivearje dyn antwurd.
Yn alinea 9 wurde trije tsjinstellingen neamd yn it omgean mei de Fryske
identiteit tusken earder en no.
92p
Jou dy trije tsjinstellingen en brûk dêrby de wurden ‘earder’ en ‘no’.
“De lêste jierren hat geografyske marketing him ûntjûn fan it promoaten
fan in stêd of regio ta it meitsjen en oanskerpjen fan in winsklike
identiteit.” (r. 148-152)
103p
Beskriuw yn eigen wurden de ûntwikkeling dy’t de skriuwer yn alinea 10
útienset. Jou dêrby oan:
− hoe’t de situaasje earder wie;
− hokker neidiel sjoen waard;
− hoe’t de situaasje no is.
111p
Wat seach Kiestra as úteinlik gefolch fan dat ‘oanfretten’ fan it Frysk-
eigene troch de opkommende yndustry (alinea 11)? Basearje dyn antwurd
op alinea 11.
122p
Omskriuw yn eigen wurden wat de troch de skriuwer ûnderstelde
tsjinstelling is tusken it sizzen en dwaan fan Jukema. Basearje dyn
antwurd op de alinea’s 12 en 13.
Brûk net mear as 45 wurden.
Dizze ynlieding heart by de fragen 13 en 14.
De tekst kin opdield wurde yn fjouwer parten mei de neikommende
dielûnderwerpen:
1 Diskusje yn it kader fan it tarieden fan KH2018
2 Eftergrûn fan de diskusje
3 (Utlis fan) it begryp regiopromoasje yn ’e Fryske kontekst
4 Regiopromoasje yn de plannen foar KH2018
131p
By hokker alinea begjint diel 2?
141p
By hokker alinea begjint diel 4?
152p
Hoe soe de skriuwer de fraach yn de titel foar himsels beantwurdzje?
Motivearje dat antwurd mei in sitaat.
161p
Wat foar tekstsoarte is ‘Fryslân: it bêste lân of it bêste merk fan d’ ierde’?
A It is in redenearring.
B It is in skôging.
C It is in útiensetting.

opgave 2Tekst 2 De held moat weromkomme

171p
Hoe wurdt it ûnderwerp fan de tekst yn it tekstpart fan alinea 1 oant en
mei 3 ynlaat?
Yn it tekstpart fan de alinea’s 1 oant en mei 3 wurdt
A de konklúzje foarôf jûn.
B de oanlieding foar it artikel jûn.
C in gearfetting fan de rest fan de tekst jûn.
D in tal anekdoaten jûn.
Neffens Drees-biograaf Hans Daalder kin men mei ferhalen sa as dy út
alinea 1 wol in boek skriuwe. (r. 12-15)
181p
Sitearje út de alinea’s 2 oant en mei 4 de sin dêr’t de skriuwer yn
ornearret dat ferhalen oer Drees boustiennen foar in libbensbeskriuwing
wêze kinne.
191p
Wat is it ferbân tusken “Hy wie... de boarger” (r. 25-28) en “Soberheid wie
in morele plicht” (r. 28-29)?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
Understeande ynlieding heart by de fragen 20 en 21.
Yn r. 56-59 stiet dizze stelling:
“No ja, men sil der altyd wat fan opstekke, mar dan benammen fan
watfoar in ferskriklik lân Nederlân is.”
201p
Op hokker wize besiket de skriuwer dizze stelling te ûnderbouwen yn de
alinea’s 4 oant en mei 6?
A troch feiten te neamen
B troch him te beroppen op literatuer
C troch morele arguminten te jaan
D troch syn eigen (deistige) befiningen te beskriuwen
211p
Hokker type argumint brûkt de auteur om dy stelling te ûnderbouwen yn
alinea 7?
A in argumint basearre op autoriteit
B in argumint basearre op emoasje
C in argumint basearre op in foarbyld
D in argumint basearre op in moreel oardiel
222p
Wat is de opbou fan it tekstpart “Faaks waard... en skandaal.” (r. 59-71)
yn alinea 4?
Beneam de sinnen mei de begripen argumint, konklúzje, stelling en
subargumint.
“...mar tsjintwurdich doocht der net in soad mear fan.” (r. 61-62)
232p
Neam de trije foarbylden dy’t de skriuwer yn de alinea’s 4 en 5 jout by
dizze bewearing.
It byld dat yn de skiedskriuwing sketst wurdt fan Jan Pieterszoon Coen is
de lêste tiid feroare (alinea 7).
241p
Sitearje it argumint fan de skriuwer om de resinte negative fyzje op Coen
te relativearjen.
251p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 9 en 10?
A It is in oarsaaklik/redenjouwend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
“En om de histoaryske kearnfraach ‘wa binne wy’ te ferfangen troch ‘wat
bin ik’, sa’t yn it rapport suggerearre wurdt, is slimmer as fan ’e rein yn ’e
drip komme.”(r. 155-159)
262p
Lis út wat bedoeld wurdt mei it ferfangen fan ‘wa binne wy’ troch ‘wat bin
ik’.
“Alles wurdt dien om tefoaren te kommen dat der in ferhaal ferteld wurdt
oer de dingen dy’t minsken ferbine,” (r. 160-163)
271p
Wêrom wurdt dat neffens de skriuwer dien?
Dizze ynlieding heart by de fragen 28 en 29.
“Niisneamde Van Deursen hat yn syn fraai minyportret fan Michiel de
Ruyter wiisd op de oanstriid om hieltyd wer op ’e nij ekskuses oan te
bieden út namme fan de foarâlden foar de ferskriklike wandieden dy’t mei
opsetsin en moedwillich begien binne.” (r. 173-180)
282p
Lis út hokker rol grutskens en skamte hjirby spylje neffens de skriuwer.
Helje dyn antwurd út alinea 12.
292p
Is Van Deursen it iens mei dy oanstriid om ekskuses oan te bieden?
Basearje dyn útlis op alinea’s 12 oant en mei 14.
301p
Hokker stylfiguer is “Skamte as ferpakte grutskens” (r. 190)?
A eufemisme
B hyperboal
C irony
D paradoks
Sjoch foar de lêste fragen de folgjende side.
“Foar heal jild, dat dan wol wer.” (r. 225-226).
311p
Lis út wat de skriuwer mei dy sin bedoelt.
Understeande ynlieding heart by de fragen 32 en 33.
It begryp ‘held’ kin ûnder mear definiearre wurde as:
1 in dapper kriichsman
2 immen dy’t net bang is
3 immen dy’t respekt ôftwingt
321p
Hokker definysje(s) slacht / slagge neffens alinea 14 op seehelden lykas
Tromp, De Ruyter en Piet Hein?
331p
Hokker definysje slacht neffens de alinea’s 1 oant en mei 3 op Willem
Drees?
341p
Wêrom sitte de âlderwetske histoaryske helden yn in skûlplak? (alinea
16).
351p
“... sy binne dêrfan it haadgerjocht.” (r. 246).
Fan hokker bysûnder taalgebrûk is hjir sprake?
A Der is sprake fan in hyperboal.
B Der is sprake fan in metafoar.
C Der is sprake fan in personifikaasje.
D Der is sprake fan irony.
361p
Hokker soarte tekst is dit?
A redenearring
B skôging
C útiensetting
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.