opgave 1Tekst 1 Emansipaasje is net foar bange minsken
11pWat is de funksje fan alinea 1?

It is in anekdoate.

It is in gearfetting.

It is in oanlieding.

It is in probleemstelling.
21pWêrom past neffens Tielman syn argyf goed by Tresoar? Helje dyn
antwurd út alinea 1.
Brûk net mear as 15 wurden.
“Men is as mienskip like sterk as de swakste skeakel.” (r. 39-40)
31pWat is de swakste skeakel foar Tielman?
41pWat is it ferbân tusken “Wat moat dát dêr!” (r. 66) en “Ik wie in ding
wurden” (r. 66-67)?

It is in foarweardlik ferbân.

It is in oarsaaklik/redenjouwend ferbân.

It is in opsomjend ferbân.

It is in tsjinstellend ferbân.
“ik waard opskipe mei wat ik fuortstopje moast.” (r. 75-76)
52pSitearje twa losse wurden dy’t de ‘homokultuer’ beskriuwe yn de tiid dat
Tielman him dêr foar it earst yn bejoech. Helje de wurden út alinea 5.
“Ik hie ek alhiel gjin identifikaasjemooglikheden.” (r. 96-98)
61pWat is foar Tielman de oarsaak fan it ûntbrekken fan
identifikaasjemooglikheden as homo? Helje dyn antwurd út alinea 5.
“dat it COC fernije moast, mar sûnder dat it ta in brek liede soe tusken de
âlde en de nije leden.” (r. 123-125)
71pWêrom soe fernijing ta in brek tusken nije en âlde leden fan it COC liede
kinne?
“demokrasy is net foar bange minsken en emansipaasje alhiel net.”
(r. 138-140)
82pNeam twa redenen wêrom’t demokrasy en emansipaasje neat foar bange
minsken binne? Helje dyn antwurd út alinea 5.
92pNeam de wichtichste oerienkomst tusken de homobeweging en de Fryske
beweging. Helje dyn antwurd út alinea 6.
102pWêrom soe neffens Tielman it wurd ‘homo’ in negative byklank krije troch
it brûken fan de term ‘homohoulik’ (r. 192-195)?
111pOp hokker manier slute de earste twa sinnen fan alinea 7 oan op de lêste
sin fan alinea 6?

Aktuele feiten wurde ferbûn oan de stelling.

By de stelling wurde konklúzjes jûn.

De stelling wurdt neier ferklearre.

In oare miening wurdt taheakke oan de stelling.
“It wurdt allinnich net beneamd.” (r. 207-208)
122pHokker oerienkomst wurdt tusken it net-beneamen fan homoseksualiteit
en it ûntbrekken fan in eigen skriuwtaal suggerearre? Basearje it antwurd
op alinea 7.
“Yn Marokko fleane de Berbers dêrom ûnder de radar troch.” (r. 223-225)
131pHokker stylfiguer wurdt hjir brûkt?

It is in hyperboal.

It is in metafoar.

It is in personifikaasje.

It is irony.
142pHokker twa aspekten sitte fêst oan it feit dat de homo-emansipaasje noait
ôf is? Ferbyn dyn antwurd ek mei de lêste sin (r. 259-260).
151pWat is it doel fan Tielman?

ferdivedearje en ynformearje

ynformearje en oertsjûgje

oertinke en oertsjûgje

oertsjûgje en oantrune
opgave 2Tekst 2 Theun de Vries en de myte fan de Fryske Wâlden
161pWat is de funksje fan alinea 1?

It is in anekdoate.

It is in gearfetting.

It is in oanlieding.

It is in probleemstelling.
171pSitearje in part fan in sin út alinea 1 dy’t oanjout wat bedoeld wurdt mei ‘it
ferhaal fan bylden’ (r. 13).
181pWat foar stylfiguer brûkt Huisman yn de rigels 17-23?

It is in hyperboal.

It is in paradoks.

It is in personifikaasje.

It is irony.
“Hy komt fan Feanwâlden. Dat seit eins al genôch” (r. 25-26)
191pWat foar soarte fan argumint brûkt Huisman hjir?

It is in autoriteitsargumint.

It is in drôchreden brûkt as argumint.

It is in emosjoneel argumint.

It is in feitlik argumint.
201pWêrtroch hat Theun de Vries mei Stiefmoeder Aarde neffens Huisman
bydroegen oan de myte fan de Fryske Wâlden (r. 63-66)? Helje dyn
antwurd út alinea 5.
212pWêrom ferbynt Huisman de útstalling oer Domela Nieuwenhuis mei
Stiefmoeder Aarde (alinea 5)?
Huisman uteret him nochal posityf oer Domela Nieuwenhuis. Dochs praat
er yn de earste sin fan alinea 7 fan in ‘wat pynlik’ faset en fan in
‘skuldgefoel’.
222pLis út wat syn dilemma is.
231pWatfoar ferbân kinst weromfine yn “Tusken dy... appèl ferbea.” (r. 117-
127)?

It is in foarweardlik ferbân.

It is in opsomjend ferbân.

It is in tsjinstellend ferbân.

It is in útlizzend ferbân.
“Der sitte dingen yn dy’t der yn 1890 net wienen, lykas de tsjerketoer fan
Lúkswâld (dy is al yn de midsieuwen ferdwûn) en de skoalle fan de
Ulesprong, dy’t der pas kaam yn 1903, en der sitte ek anagronismen yn.”
(r. 140-146)
242pWat is nuver oan dizze sin?
“Mar ik wol mei ien foarbyld oantoane dat sok útplúzjen wol deeglik syn
nut foar minsken fan no hawwe kin.” (r. 169-172)
251pFan hokker drôchreden is hjir sprake?

It is in ferkearde fergeliking.

It is in ferkearde oarsaak-gefolchrelaasje.

It is in sirkelredenearring.

It is in te hastige generalisaasje.
“Ik haw se doe dúdlik makke dat Fonger de Vos in optochte romanfiguer
wie en wiswier net Wiebe Hankel.” (r. 214-217)
261pWêrom moast er dat harren dúdlik meitsje?
273pJou fjouwer foarbylden dêr’t Huisman syn persoanlik oardiel oer
Stiefmoeder Aarde yn gefoelsmjittige kwalifikaasjes jout. Helje de
antwurden út de alinea’s 5 oant en mei 9.
282pOp hokker wize draacht Stiefmoeder Aarde neffens Huisman by ta de
mytefoarming oer de Wâlden? Helje dyn antwurd út alinea 11.
291pWat is it doel fan Huisman syn lêzing?

ferdivedearje

ynformearje

oantrune

oertsjûgje
Fraach by tekst 1 en tekst 2
301pHokker konklúzje kin lutsen wurde wannear’t men de fyzje fan Tielman
(tekst 1) mei de fyzje fan Huisman (tekst 2) oer identiteit ferliket?

Identiteit kin neffens Tielman op in hiel iepen wize ynterpretearre
wurde; neffens Huisman kin dat net.

Identiteit kin sawol by Tielman as by Huisman op in hiel iepen wize
ynterpretearre wurde.

Identiteit leit sawol by Tielman as by Huisman fêst as men ien kear in
bepaalde kar dien hat.

Identiteit moat sawol by Tielman as by Huisman hieltyd op ’e nij
fêststeld wurde.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.