bronnen

Eindexamen fries vwo 2016, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 De race tsjin de masine

11p
Hokker funksje hat alinea 1?
De skriuwer jout de probleemstelling oan
A troch in gearfetting foarôf te jaan.
B troch in yllustrearjend barren te fertellen.
C troch yn ’t foar in konklúzje te lûken.
D troch syn miening te ferkundigjen.
21p
Wat is it ferbân tusken alinea 1 en alinea 2?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in oarsaaklik/redenjouwend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
“sûnder dat der foarearst in soad nije banen foaroer steane.” (r. 35-36)
31p
Jou yn eigen wurden oan wat de skriuwer hjir bedoelt.
Brûk net mear as 15 wurden.
41p
Fan hokker type argumintaasje is sprake yn alinea 2?
It is in argumintaasje op basis fan
A autoriteit.
B emoasje.
C foarbylden.
D in moreel oardiel.
“En dat is noch mar it begjin” (r. 60)
51p
Jou oan wat mei ‘dat’ bedoeld wurdt.
“yn dûzeljend tempo” (r. 73-74)
61p
Mei hokker wurdgroep waard earder yn de tekst it tempo fan
technologyske ûntjouwingen oantsjut?
71p
Hoe slút alinea 5 oan op alinea 4?
Alinea 5 slút op alinea 4 oan
A mei in anekdoate.
B mei in ferklearring.
C mei in nuansearring.
D mei in wjerlizzing.
“Wy binne al goed twahûndert jier benaud fan masinen” (r. 76-77)
82p
Yn hoefier is dat benaud-wêzen neffens Brynjolfsson terjochte?
Meitsje in ûnderskied tusken it earste en twadde masinetiidrek en ljochtsje
dyn antwurden ta.
Alinea 6 kin yn twa dielen opdield wurde.
92p
Sitearje de sin dêr’t it twadde stik mei begjint.
Ljochtsje dyn antwurd ta.
“de typyske middenbanen, lykas rûtinemjittich wurk op it kantoar of yn de
yndustry.” (r. 122-124)
101p
Sitearje út alinea 3 it sinpart dat werjout wa’t sokke banen hawwe.
Deze inleiding hoort bij de vragen 11 en 12.
“Dy minsken besykje it ferline te beskermjen tsjin de takomst.”
(r. 194-196)
111p
Jou yn eigen wurden oan wat mei dy sin bedoeld wurdt.
122p
Notearje de beide aspekten yn de boppesteande hâlding dy’t McAfee
ôfwiist. Basearje dyn antwurd op alinea 9.
Yn alinea 10 formulearret Brynjolfsson trije advizen yn it ramt fan de
konsekwinsjes fan it twadde masinetiidrek foar learen en it ûntwikkeljen
fan feardichheden. Dêrby jout er ek in taljochting mei ien of mear
foarbylden.
134p
Neam de trije advizen en jou by elk advys de útwurking.
Brûk foar dyn antwurd de opset fan ûndersteand skema. Tink derom: by it
earste advys bestiet de útwurking út twa foarbylden.
advys útwurking 1 - - 2 - 3 -
141p
Op hokker wize soe de fierdere ûntwikkeling fan it twadde masinetiidrek it
bestean fan minsken ‘woltierich’ (r. 240) meitsje kinne neffens McAfee?
Deze inleiding hoort bij de vragen 15 en 16.
De tekst kin nei de earste trije alinea’s rûchwei yn fjouwer parten ferdield
wurde:
1 histoaryske ûntjouwing en hjoeddeiske problematyk
2 de gong en kompleksiteit fan de feroaringen
3 omgean mei de nije situaasje
151p
By hokker alinea begjint part 2?
161p
By hokker alinea begjint part 3?
De titel fan de tekst is ‘De race tsjin de masine’.
172p
Jou op basis fan de tekst oan op hokker twa manieren minsken tsjin de
masine race.
181p
Hokker sin jout de haadgedachte fan dizze tekst ynhâldlik it bêste wer?
A “Troch al... de technology.” (r. 200 - 204)
B “Der binne... hâldber bliuwe.” (r. 219-221)
C “De reden... te wêzen.” (r. 229-232)
D “Technologyske foarútgong … negative sin.” (r. 255-260)

opgave 2Tekst 2 Maatskiplik better teplak troch mear ûnderwiis?

191p
Wat is de funksje fan alinea 1?
De alinea liedt de tekst yn mei
A in konklúzje.
B in oanlieding.
C in probleem.
D in stânpunt.
201p
Wat is it ferbân tusken alinea 2 en alinea 3?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in oarsaaklik/redenjouwend ferbân.
C it is in opsomjend ferbân.
D It is in tsjinstellend ferbân.
“De swierrichheden dy’t Young yn syn boek oan ’e oarder stelt, binne
noch tige aktueel.” (r. 18-20)
212p
Neam twa saken dy’t yn it boek út 1958 beskreaun wurde en dy’t neffens
de skriuwer útkommen binne.
Helje dyn antwurd út de alinea’s 2 en 3.
221p
Lis út wat bedoeld wurdt mei “De juiste man op de juiste plaats.” (r. 15-16)
Basearje dyn antwurd op de alinea’s 2 oant en mei 4.
“It is in ûnsinnige en kwea-aardige ûntjouwing mei negative gefolgen foar
beukers, dy’t noch boartsjendewei hearre te learen.” (r. 65-69)
233p
Neam trije ûnderdielen fan de ûntjouwing dêr’t de skriuwer hjir op doelt
wat beukers oanbelanget.
241p
Fan hokker bysûnder taalgebrûk is sprake yn de sin “De meritokratyske
beam is grut wurden, mar wat te dwaan mei dyjingen dy’t yn it skaad
dêrfan bliuwe?” (r. 82-85)?
A It is in hyperboal.
B It is in metafoar.
C It is in paradoks.
D It is in personifikaasje.
252p
Lis yn eigen wurden út wat mei “De meritokratyske beam is grut wurden”
(r. 82-83) en “dyjingen dy’t yn it skaad dêrfan bliuwe” (r. 84-85) bedoeld
wurdt.
261p
Sitearje út alinea 4 de sin dêr’t de skriuwer in argumint basearre op
ûnderfining yn jout.
“Der is in enoarme ferkringing, mei as gefolch dat minsken mei minder
oplieding datselde wurk net krije.” (r. 116-119)
271p
Wat is de oarsaak fan dy ferkringing?
“Sadwaande is it begryplik dat de jongerein ‘studearret’ by it middelber of
heger beropsûnderwiis. Hegeskoallen en universiteiten meitsje mar al te
graach gebrûk fan dy jacht op ‘hege’ opliedingen.” (r. 119-124)
281p
Lis út wêrom’t de skriuwer hjir it wurd ‘hege’ tusken oanhellingstekens set
hat.
291p
Wat wurdt bedoeld mei “It ûnderwiis as ‘de rêchbonke fan de
ûngelikensens’” (r. 157-159)?
A It ûnderwiis feroarsaket ûngelikensens fanwegen te min
oerienstimming yn it lesoanbod.
B It ûnderwiis giet tefolle út fan it idee dat ûngelikensens de minsklike
natuer is.
C It ûnderwiis is de wichtichste feroarsaker fan ûngelikensens.
D It ûnderwiis lient him net foar de westerske myte dat elkenien gelyk is.
“Learlingen dy’t bûten de boat falle, wurdt oanpraat dat se te min witte of
kinne, mar it is de fiksje fan it gelyk-wêzen dy’t de problemen jout.”
(r. 185-188)
301p
Wat wie it gefolch foar it ûnderwiisprogramma fan dy fiksje?
Basearje dyn antwurd op alinea 8.
“It is net maklik om op it goede spoar te kommen.” (r. 189-190)
312p
Hokker twa soarten fan groepsbelang dy’t hjirby in rol spylje neamt de
skriuwer yn alinea 9? Notearje ek wat dy belangen ynhâlde.
“It is net maklik om op it goede spoar te kommen.” (r. 189-190)
321p
Fan hokker bysûnder taalgebrûk is hjir sprake?
A It is in hyperboal.
B It is in metafoar.
C It is in paradoks.
D It is in personifikaasje.
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
“Ik mei hoopje dat soks sa bliuwt.” (r. 215-216)
331p
Wêr doelt de skriuwer op mei ‘soks’?
Hy doelt op it feit dat
A der ferskillende partijen binne dy’t besykje om it ûnderwiis nei in heger
plan te tillen.
B der in enoarme koarste om skoallen hinne is fan minsken dy’t dêroan
fertsjinje.
C der minsken binne dy’t net foldogge oan wat fan harren ferwachte
wurdt.
D net elkenien belang hat by it hanthavenjen fan de tastân yn it
ûnderwiis.
“In mear realistyske opfetting oer wat ûnderwiis wol of net ta stân bringe
kin” (r. 220-222)
342p
Lis út wat de skriuwer ûnder in realistyske opfetting oer it ûnderwiis
ferstiet en neam it foarbyld dat hy dêrby jout.
Basearje dyn antwurd op alinea 7.
351p
Wat foar tekstsoarte is ‘Maatskiplik better teplak troch mear ûnderwiis?’?
A It is in redenearring.
B It is in skôging.
C It is in útiensetting.
361p
Wat is de haadgedachte fan dizze tekst?
A Der moat folle mear wurdearring wêze foar minsken dy’t mei de
hannen wurkje.
B Oft immen in goede baan fynt, wurdt foar it grutste part bepaald troch
komôf.
C Op Nederlânske skoallen wurdt der tefolle oanbean op itselde nivo
oan alle learlingen.
D Underwiis yn de hjoeddeiske foarm is gjin garânsje foar in bettere
maatskiplike posysje.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.