bronnen

Eindexamen fries vwo 2019, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Neoliberalisme: de ideale sûndebok

11p
Wat is de funksje fan alinea 1?
A It is de fraachstelling fan it artikel.
B It is de ûnderbouwing fan de titel.
C It is in ferklearring fan it probleem.
D It is in gearfetting foarôf.
“Neffens Verhaeghe... moderne kwea.” (r. 34-37)
21p
Fan hokker bysûnder taalgebrûk is yn dy sin sprake?
A It is in ferliking.
B It is in hyperboal.
C It is in metafoar.
D It is irony.
31p
Hokker tsjinstelling makket Verhaeghe yn alinea 2 om ôf te rekkenjen mei
de pessimisten en sûndeboktinkers?
“Dochs docht dy gjalp fan Verhaeghe iroanysk oan.” (r. 41-42)
41p
Wêrom is dy gjalp no krekt iroanysk neffens de skriuwer?
Basearje dyn antwurd op alinea 3.
52p
Sitearje trije wizen fan oerdreaun wurdgebrûk troch de skriuwer, dêr’t er
(de styl fan) Verhaeghe mei beskriuwt.
61p
Wat bedoelt de skriuwer mei “De bok fan tsjinst” (r. 59)?
Dêrmei wol hy sizze dat it neoliberalisme
A him krekt as it besprutsen boek ûnderskiedt troch paradoksen.
B neffens Verhaeghe oarsaak is fan hjoeddeiske problemen.
C troch alle lagen fan de maatskippij hinne foarstanners ken.
D útblinkt yn krimminearjen oer it moderne kwea / pessimisme.
71p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 3 en 4?
A It is in opsomjend ferbân.
B It is in redenjouwend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
“De pylders fan it neoliberalisme binne yndividuële kompetitiviteit, frije
hannel en desintralisaasje.” (r. 67-69)
81p
Hokker fan dy pylders komt yn it ferfolch fan de alinea foaral foar it ljocht?
A desintralisaasje
B frije hannel
C yndividuele kompetitiviteit
“Yn it ljocht fan de hjoeddeistige ekonomyske krisis wurdt mei de term
‘neoliberalisme’ ornaris doeld op de ûntspoaringen fan de ekstreme
frijemerk-ideology.” (r. 87-91)
91p
Sitearje út alinea 5 it wurd dêr’t it begryp neoliberalisme mei typearre
wurdt yn it ramt fan it kreëarjen fan frije hannel.
”Fijannen hat it lykwols by de rûs.” (r. 105-106)
101p
Hokker trije fijannen fan it neoliberalisme wurde yn alinea 6 neamd?
“Neoliberalisme is... nij etiket.” (r. 113-116)
111p
Neam út alinea 7 it wurd dat wat de lading oanbelanget by it wurd
‘fersuorre’ oanslút.
122p
Hokker boadskip jout de skriuwer mei alinea 9 oer de redenearring fan
Verhaeghe?
De volgende inleiding hoort bij de vragen 13 en 14.
Yn alinea 10 jout de skriuwer arguminten tsjin it stânpunt dat wolfeart net
needsaaklik liedt ta gelok.
131p
Hokker type argumint wurdt brûkt mei de sin
“Dat wurdt... en tefredenheid.” (r. 176-178)?
A in argumint op basis fan emoasje
B in argumint op basis fan foarbylden
C in argumint op basis fan in autoriteit
D in argumint op basis fan kontrolearbere feiten
141p
Hokker type argumint wurdt brûkt mei de sin
“De psychologyske... 4000 euro.” (r. 185-189)?
A in argumint op basis fan emoasje
B in argumint op basis fan foarbylden
C in argumint op basis fan in autoriteit
D in argumint op basis fan kontrolearbere feiten
152p
Lis út wêr’t de skriuwer op doelt mei “de ûndergeande sinne” (r. 229-230)
en “in lang skaad” (r. 230).
161p
Wêrom hellet de skriuwer Cicero yn de rigels 242-244 oan?
171p
Wat foar tekstsoarte is dizze tekst?
A It is in redenearring.
B It is in skôging.
C It is in útiensetting.

opgave 2Tekst 2 De myte fan it eigenbelang

“Hy mocht de jierlikse bonussen útkeare.” (r. 1-2)
181p
Op hokker wize besiket de skriuwer hjir de lêzer nijsgjirrich te meitsjen?
191p
Hokker bewearing oer alinea 1 is korrekt?
A Alinea 1 jout de miening fan in saakkundige.
B Alinea 1 jout de probleemstelling.
C Alinea 1 jout in gearfetting foarôf.
D Alinea 1 jout in yllustraasje by it ûnderwerp.
Yn alinea 1 wurdt in ferbân suggerearre tusken de oerstap fan de
bankmeiwurker en syn wurksumheden oan de Vrije Universiteit.
202p
Lis it ferbân út.
“Der wurdt wakker besocht om ekonomyske konklúzjes út de krisis te
lûken, mar op syn minst sa wichtich binne de psychologyske lessen oer
hoe’t merken en bedriuwen wurkje en hoe’t minsken dêryn funksjonearje.
Of krekt net funksjonearje.” (r. 30-37)
211p
Wat is it doel fan de skriuwer om hjir it stylmiddel selskorreksje te brûken?
“De krisis is it gefolch fan in ferkeard, of alteast ûnfolslein, minskbyld dat
spitigernôch yn stân hâlden wurdt troch beliedsmakkers en harren
ekonomyske adviseurs.” (r. 37-42)
221p
Wat mist der neffens de skriuwer yn dat minskbyld?
“troch in ûnsichtbere hân” (r. 46)
231p
Wat foar bysûnder taalgebrûk wurdt hjir brûkt?
A hyperboal
B metafoar
C paradoks
D understatement
242p
Hokker paradoks sjocht de filosoof Smith yn de wurking fan de
‘ûnsichtbere hân’?
Helje dyn antwurd út alinea 3.
251p
Wat is de kearnsin fan alinea 3?
“sûnder opsetsin en sûnder erch” (r. 58-59)
261p
Mei hokker wurd yn deselde alinea komt dy omskriuwing oerien?
271p
Wêrom wurdt der nei Steve Jobs (r. 93) ferwiisd?
De volgende inleiding hoort bij de vragen 28 en 29.
“Us útgongspunt is dat de minske net allinne dreaun wurdt troch
eigenbelang, mar ek troch sosjale ynstinkten.” (r. 132-135)
281p
Neam út alinea 8 in argumint om te praten fan sosjale ynstinkten.
292p
Wêr bestienen dy ynstinkten neffens alinea 8 út?
Alinea 8 slút ôf mei de sin “De minske funksjonearret dus fan natuere yn
groepsferbân.” (r. 150-151).
301p
Wat is de funksje fan alinea 9 yn relaasje ta dy sin?
A Alinea 9 is in foarbyld by de lêste sin fan alinea 8.
B Alinea 9 is in nuânsearring fan de lêste sin fan alinea 8.
C Alinea 9 is in ûnderbouwing by de lêste sin fan alinea 8.
D Alinea 9 is in wjerlizzing fan de lêste sin fan alinea 8.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 31 en 32.
Yn de alinea’s 9 en 10 wurde twa ûndersiken beskreaun dêr’t macht in rol
yn spilet. Yn it earste ûndersyk hat ien fan de dielnimmers de echte
macht, yn it twadde ûndersyk hat de dielnimmer net echt macht.
312p
Jou foar elk ûndersyk oan hoe’t dy macht der konkreet útsjocht.
321p
Jou foar elk ûndersyk oan wat it effekt fan dy macht is.
Yn fraach 21 wurdt in foarbyld fan it stylmiddel selskorreksje jûn.
332p
Sitearje ien selskorreksje út alinea 11 en ien út alinea 12.
342p
Lis út wat de “myte fan it eigenbelang” (r. 251) ynhâldt.
Brûk net mear as 25 wurden.
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 35 tot en met 37.
Tusken de ynliedende en de ôfslutende alinea kin de tekst troch middel
fan ûndersteande kopkes yn fjouwer parten opdield wurde:
diel 1 Oarsaak fan de krisis (1)
diel 2 In oare beneiering fan ekonomysk gedrach
diel 3 Nij ynterdissiplinêr ûndersyk
diel 4 Oarsaak fan de krisis (2)
351p
By hokker alinea begjint diel 2?
A alinea 3
B alinea 4
C alinea 5
361p
By hokker alinea begjint diel 3?
A alinea 6
B alinea 7
C alinea 8
371p
By hokker alinea begjint diel 4?
A alinea 9
B alinea 10
C alinea 11
381p
Wat is it wichtichste tekstdoel?
A ferdivedearje
B oantrune
C oertsjûgje
D útiensette
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.