bronnen

Eindexamen fries vwo 2018, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 No time for losers

11p
Hoe yntrodusearret de skriuwer sportsosjolooch Ramón Spaaij?
A troch bewearingen fan it fuotbalbûn te ferlykjen mei befiningen fan
Spaaij
B troch in resint ûndersyk dat Spaaij yn Australië dien hat te beskriuwen
C troch inkelde saken dy’t Spaaij op it aljemint brocht hat te neamen
D troch syn eigen miening oer de wichtichste konklúzjes fan Spaaij te
jaan
“in wûndermiddel foar maatskiplik sear” (r. 13-14)
21p
Hokker stylfiguer wurdt hjir brûkt?
A eufemisme
B hyperboal
C irony
D paradoks
31p
Wêrom giet de skriuwer yn alinea 2 yn op de opliedingseftergrûn fan
Spaaij?
Neffens de skriuwer
A is de opliedingseftergrûn fan Spaaij in ferklearring foar syn krityske
hâlding.
B jout de opliedingseftergrûn fan Spaaij oan dat hy breed oriïntearre is.
C lit de opliedingseftergrûn fan Spaaij sjen dat hy doel oer it ûnderwerp
hat.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 4 en 5.
Ut alinea 2 docht bliken dat de fyzje fan Spaaij op sport ôfwykt fan de
gongbere fyzje dêrop. Hy stelt yn deselde alinea twa útwurkingen fan
sport foar it ‘hillich leauwen’ yn sport as heilsum middel oer.
41p
Sitearje it sinpart dêr’t dy útwurkingen yn neamd wurde.
51p
Yn hokker twa alinea’s jout de skriuwer foarbylden fan dy útwurkingen?
De volgende inleiding hoort bij de vragen 6 en 7.
Yn alinea 4 praat Spaaij fan in ‘myte’ (r. 89)
61p
Op hokker gedachte doelt hy?
71p
Wêrom neamt hy dy myte ûnsin?
81p
Hokker fan de ûndersteande sinnen jout de haadgedachte fan alinea 5 it
bêste wer?
It feit dat minderheden kieze foar apart sporten
A bewiist dat sportklups ornaris gjin feilige omjouwing binne.
B is in gefolch fan kwetsende uteringen troch oare sporters.
C lit sjen dat sy gjin nocht hawwe oan de hearskjende kultuer.
D toant oan dat sport net altyd in posityf maatskiplik effekt hat.
91p
Lis út wêrom’t sport yn Australië wol en yn Nederlân net in kearnelemint
yn de nasjonale identiteitsfoarming wurden is.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 10 en 11.
Yn it tekstpart dat bestiet út de alinea’s 5 oant en mei 8 komme negative
gefolgen fan de kultuer yn de sportwrâld oan ’e oarder. Yn alinea 5 wurde
befiningen neamd dy’t op ûndersyk basearre binne, en alinea 7 beskriuwt
in ynsidint.
101p
Wat is de oerienkomst tusken wat de útkomsten fan dat ûndersyk be-
skriuwe en it ynsidint út alinea 7?
111p
Wat is de oerienkomst tusken de ûndersyksbefiningen en de reaksje fan
de sportwrâld op dat ynsidint?
“‘It idee dat rasisme bestiet yn it Australian football, dêr is hast net oer te
praten.’” (r. 167-169)
121p
Hokker earder neamd feit liket dêrmei yn tsjinspraak te wêzen?
“‘Nimmen wurdt graach konfrontearre mei syn eigen demoanen.’”
(r. 176-177)
131p
Lis út wat mei dy sin bedoeld wurdt.
Yn de alinea’s 9 en 10 wurdt yngien op twa ûntjouwingen dy’t de
Olympyske Spelen en sportbûnen oanbelangje.
142p
Beskriuw de beide ûntwikkelingen yn dyn eigen wurden.
Brûk net mear as 30 wurden.
151p
Hokker ferskil yn it beneierjen fan migranten wurdt neamd yn alinea 11?
161p
Wat is it ferbân tusken it tekstpart “‘Moat men... dominante kultuer.’”
(r. 237-239) en alinea 12?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in redenjouwend ferbân.
D It is in tsjinstellend ferbân.
“‘Hoe bliuwt in sportklup relevant yn in feroarjende wrâld?’” (r. 215-217)
Op dy fraach is, ôfgeande op de alinea’s 11 oant en mei 13, ien algemien
antwurd mooglik.
171p
Formulearje dat antwurd.
Neffens Spaaij kostet it noch tiid foardat de sportkultuer yn Nederlân
feroarje sil. (alinea 13)
182p
Hokker twa saken moatte yn alle gefallen barre neffens him?
De volgende inleiding hoort bij de vragen 19 en 20.
De tekst bestiet rûchwei út fiif parten:
1 Yntroduksje en stânpunt Ramón Spaaij
2 Arguminten foar it stânpunt
3 Sportkultuer yn Australië
4 Negative ûntwikkelingen yn de sportwrâld
5 Foarbylden fan problemen en mooglike oplossingen
191p
By hokker alinea begjint tekstpart 3?
A by alinea 6
B by alinea 7
C by alinea 8
201p
By hokker alinea begjint tekstpart 5?
A by alinea 11
B by alinea 12
C by alinea 13
De titel fan de tekst is ‘No time for losers’.
211p
Lis op basis fan de tekst út wêr’t de titel op doelt.

opgave 2Tekst 2 It rûge ferline fan streektaalmuzyk

221p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 1 en 2?
A Yn alinea 2 wurdt fierder útlein wat yn alinea 1 sein is.
B Yn alinea 2 wurdt in ferliking makke mei wat yn alinea 1 sein is.
C Yn alinea 2 wurdt in oanfolling jûn op wat yn alinea 1 sein is.
D Yn alinea 2 wurdt in stânpunt delset oer wat yn alinea 1 sein is.
231p
Mei hokker wurd kin de funksje fan alinea 4 it bêste omskreaun wurde?
A definysje
B karakterisearring
C konklúzje
D oardiel
241p
Wat is neffens alinea 6 de oarsaak fan de sterke belangstelling foar de
heidebewenner?
A argewaasje oer it ûnbekende
B eangst foar it ûnbekende
C fernuvering oer it ûnbekende
D identifikaasje mei it ûnbekende
251p
Wêrtroch naam neffens alinea 6 de sterke belangstelling foar de
heidebewenner fierder ta?
A yndustrialisaasje
B yntegraasje
C kolonisaasje
D konsintraasje
E migraasje
Yn de alinea’s 5 en 6 wurdt yngien op de hâlding fan de boargerij nei de
heidebewenner ta as gefolch fan ûntjouwingen troch de tiid hinne.
263p
Jou yn ûndersteand skema oan hokker twa ûntjouwingen oft dat binne en
hoe’t de byldfoarming fan de boargerij dêrtroch beyfloede waard.
ûntjouwing byldfoarming boargerij Fan de lette achttjinde iuw ôf:   Ein njoggentjinde iuw:  
Ut de beskriuwing fan de alinea’s 5 en 6 kin konkludearre wurde dat it
libben fan de heidebewenner yn in tal opsichten yngeand wizige.
271p
Neam twa soarten libbensomstannichheden dy’t wizigen.
281p
Omskriuw wa’t Hepkema bedoelt mei “de frjemdling” (r. 86).
De feroaringen dy’t ein njoggentjinde iuw op de heidefjilden plakfûn
hawwe (alinea 6), kinne gearfette wurde mei twa wurden dy’t yn alinea 5
neamd binne.
291p
Hokker twa wurden binne dat?
De volgende inleiding hoort bij de vragen 30 tot en met 32.
Yn alinea 8 wurdt sein dat de kultuer fan de eigen streek útfergrutte waard
as in soarte tsjinwicht tsjin grutskalige maatskiplike feroaringen.
301p
Hokker foarbyld wurdt jûn yn alinea 7?
311p
Hokker foarbyld neamt de skriuwer yn alinea 9 foar it hjoeddeiske libben?
321p
Wat is it ferskil tusken beide foarbylden?
Helje dyn antwurd út alinea 10.
331p
Wat lit de skriuwer mei it foarbyld fan de band de Doelleazen yn alinea 11
sjen?
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 34 en 35.
De tekst kin nei de yntroduksje oer streektaalmuzykgroepen ferdield
wurde yn twa opienfolgjende parten:
1 De heidebewenner
2 Heiderock
341p
By hokker alinea begjint tekstpart 1?
A by alinea 4
B by alinea 5
C by alinea 6
351p
By hokker alinea begjint tekstpart 2?
A by alinea 7
B by alinea 8
C by alinea 9
Yn de tekst wurde ferskate groepearringen neamd dy’t in fassinaasje
hawwe foar it ‘rûge ferline’, dêrûnder:
1 Friezen dy’t nei de Twadde Wrâldoarloch boeken as dy fan Rink van
der Velde kochten
2 Hjoeddeiske bands en muzykgroepen
362p
Jou foar elke groep oan hoe’t dy fassinaasje derút sjocht.
Yn it begjin (alinea’s 1 en 2) en yn it slot (alinea’s 11 oant en mei 13) fan
de tekst wurde oerienkomsten beskreaun tusken de band Rowwen Hèze
en (guon fan) de yn de tekst neamde muzykgroepen út De Wâlden.
372p
Neam de trije oerienkomsten.
381p
Wat foar tekstsoarte is ‘It rûge ferline fan streektaalmuzyk’?
A It is in redenearring.
B It is in skôging.
C It is in útiensetting.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.