bronnen

Eindexamen fries vwo 2000, tijdvak 1

bij dit examen

Lês earst de tekst goed troch en beänderje dêrnei de fragen yn folsleine sinnen.

opgave 1Fragen oer tekst 1 „Oer de skiednis fan de histoaryske

roman”
■ De funksje fan alinea 1 kin it bêste omskreaun wurde as: A foarbyld om de belangstelling fan de lêzers op te roppen. B gearfetting yn it foar. C konklúzje yn it foar. D stellingname. „Yn (tekst 1) wurde de ûntjouwingen yn it sjenre fan de histoaryske romans fan de njoggentjinde ieu ôf beskreaun.”…

■ De funksje fan alinea 1 kin it bêste omskreaun wurde as: A foarbyld om de belangstelling fan de lêzers op te roppen. B gearfetting yn it foar. C konklúzje yn it foar. D stellingname. „Yn (tekst 1) wurde de ûntjouwingen yn it sjenre fan de histoaryske romans fan de njoggentjinde ieu ôf beskreaun.” (r. 4–6)

■ Wie der foar de njoggentjinde ieu yn it Hollânske taalgebiet al of net sprake fan it bestean fan histoaryske romans? Motivearje dyn antwurd. Brûk net mear as 10 wurden.
■ Hifkje de neikommende twa bewearingen op wierheid. 1 It wurd „dy” (r. 13) slacht tebek op Van Lennep. 2 It wurd „him” (r. 15) slacht tebek op Van Lennep. A Bewearing 1 is net wier, bewearing 2 is wier. B Bewearing 1 is wier, bewearing 2 is net wier. C Bewearing 1 en 2 binne beide net wier. D…

■ Hifkje de neikommende twa bewearingen op wierheid. 1 It wurd „dy” (r. 13) slacht tebek op Van Lennep. 2 It wurd „him” (r. 15) slacht tebek op Van Lennep. A Bewearing 1 is net wier, bewearing 2 is wier. B Bewearing 1 is wier, bewearing 2 is net wier. C Bewearing 1 en 2 binne beide net wier. D Bewearing 1 en 2 binne beide wier. Yn alinea 2 wurdt Van Lennep syn Verhandeling over het belangrijke van Hollands Grond en Oudheden voor gevoel en verbeelding besprutsen.

■ Ut dy alinea docht bliken dat: A Van Lennep fan betinken is dat de histoaryske roman de lêzer dielgenoat meitsje moat fan it ferline. B Van Lennep fan betinken is dat de histoaryske roman in útnoegjende wei wêze kin nei it ferline. C Van Lennep fan betinken is dat histoaryske feiten en de…

■ Ut dy alinea docht bliken dat: A Van Lennep fan betinken is dat de histoaryske roman de lêzer dielgenoat meitsje moat fan it ferline. B Van Lennep fan betinken is dat de histoaryske roman in útnoegjende wei wêze kin nei it ferline. C Van Lennep fan betinken is dat histoaryske feiten en de ferbylding yn in histoaryske roman op goede wize fermongen wurde moatte. D Van Lennep syn miening net mei safolle wurden oanhelle wurdt. Yn de histoaryske romans út de njoggentjinde ieu is de haadfiguer meast net in histoarysk besteand personaazje.

■ Wêrom keazen de measte skriuwers fan dy histoaryske romans net foar it beskriuwen fan it libben fan in algemien bekende figuer út it ferline? Neam twa redenen út alinea 3 en 4; nûmerje de redenen; brûk net mear as 25 wurden. Scott wie fan betinken dat in histoaryske roman tsjinje moast „ta…

■ Wêrom keazen de measte skriuwers fan dy histoaryske romans net foar it beskriuwen fan it libben fan in algemien bekende figuer út it ferline? Neam twa redenen út alinea 3 en 4; nûmerje de redenen; brûk net mear as 25 wurden. Scott wie fan betinken dat in histoaryske roman tsjinje moast „ta learing en fermeits”.

■ Wat wie de algemiene les dy’t de lêzers fan de earste histoaryske romans út harren lektuer helje koene? Basearje it antwurd op de foarbylden út alinea 3. Alinea 4 is yn twa sub-alinea’s te ferdielen.
■ Op hokker rigel begjint de twadde sub-alinea? De earste sin fan alinea 7 seit dat it fertelperspektyf fan de alwittende ferteller yn de moderne tweintichste-ieuske roman mear en mear ferlitten wurdt.
■ Wêrom dogge skriuwers dat? Brûk net mear as 25 wurden. Nei de Twadde Wrâldoarloch brûke de skriuwers it sjenre fan de histoaryske roman net mear om de eigen tiid te ûntflechtsjen, mar om dy better te begripen, seit de earste sin fan alinea 8.
■ Wie dy funksje nij? Motivearje dyn antwurd.
Alinea 9 is te ferdielen yn trije dielen; elk fan dy dielen hat syn eigen funksje binnen it gehiel fan alinea 9.
■ Ferdiel alinea 9 yn trije dielen en motivearje dy yndieling troch by elk diel ien fan de folgjende begripen te kiezen: betingst, foarbyld, fraachstelling, ynlieding, konklúzje, oanlieding, opsomming, stelling, tsjinstelling, útwurking. Yn alinea 9 komt de teory fan it narrativisme oan de oarder.
■ Jou yn eigen wurden de beide eleminten fan dy teory wer; nûmerje dy eleminten; brûk net mear as 20 wurden. Alinea 10 is yn twa dielen te ferdielen.
■ Wêr begjint it twadde diel? Motivearje dyn antwurd troch it ferskil tusken beide dielen oan te jaan.
■ Om hokker twa redenen is de nije belangstelling foar de histoaryske roman tekenjend foar dizze tiid? Nûmerje de redenen.
■ Hokker trends yn de histoaryske roman wurde oan de ein fan tekst 1 synjalearre? Ut alinea 12 blykt dat it postmodernisme him oanslút by eardere ideeën.
■ Omskriuw yn eigen wurden twa fan dy eardere opfettingen dy’t hjir weromkomme; helje de gegevens út alinea 10; brûk net mear as 10 wurden foar elke opfetting. „Oan de ein ... te rekkenjen is.” (r. 6–9)
■ De bedoelde stelling dy’t oan de ein ynnommen wurdt, is: de postmoderne histoaryske roman A is in persoanlike en eigentiidske konstruksje. B past net yn ús tiid. C past wol yn ús tiid. D past yn de rommere ynhâld fan de histoaryske roman. De histoaryske betsjutting fan de histoaryske roman is yn…

■ De bedoelde stelling dy’t oan de ein ynnommen wurdt, is: de postmoderne histoaryske roman A is in persoanlike en eigentiidske konstruksje. B past net yn ús tiid. C past wol yn ús tiid. D past yn de rommere ynhâld fan de histoaryske roman. De histoaryske betsjutting fan de histoaryske roman is yn de rin fan de tiid hieltyd feroare. De ûntjouwing fan de wittenskiplike betsjutting fan de histoaryske roman, sa’t dy sketst wurdt yn alinea 2 oant en mei alinea 10, kin yn fiif fazen yndield wurde.

■ Nim it folgjende skema oer op it antwurdblêd en jou dêrop it begjin fan de perioaden oan en folje de karakteristiken dêrfan yn. begjin de histoaryske perioade: werklikheid tsjinnet as: 1 – – 2 – – 3 – – 4 – – 5 – –

opgave 2Fragen oer tekst 1 en 2

Ek yn tekst 1 (alinea 10) wurdt ferbân lein tusken histoaryske roman en detektiveroman.
184p
Jou yn maksimaal 15 wurden it ferskil oan tusken de beide fergelikingen tusken
histoaryske roman en detektiveroman yn tekst 1 en tekst 2.
„Om yn... ferline hinne ite.” (r. 148–149)
194p
Sis yn ien sin wat mei dizze byldspraak bedoeld wurdt. Basearje it antwurd op tekst 1;
brûk net mear as 10 wurden.
Tink derom: De lêste fragen fan dit eksamen steane op de oare side.
202p
Vestdijk syn fyzje op de histoaryske roman komt it meast oerien mei de idee fan de:
A narrativistyske histoaryske roman
B neoromantyske histoaryske roman
C postmoderne histoaryske roman
D ’Scott-ske’ histoaryske roman

opgave 3Fragen oer tekst 2 „De betsjoening fan it ferline”

215p
Fetsje alinea 16 gear yn maksimaal 15 eigen wurden.
224p
Mei hokker argumintaasje wol Vestdijk oantoane dat de histoaryske roman ûntstiet op de
grins tusken fiksje en non-fiksje? Helje dyn antwurd út alinea 18; brûk net mear as
25 wurden.
Alinea 14 is yn trije dielen te ferdielen.
232p
Mei hokker sin begjint it twadde diel?
242p
Mei hokker sin begjint it tredde diel?
De histoaryske roman is populêr.
254p
Jout Vestdijk in ferklearring foar dy populariteit? Motivearje it antwurd.