opgave 1Fragen by tekst 1
Yn rigel 5–6 stiet dat Schaaf „de oarlochsjierren en it Dútske bewâld” yn syn boek
beskriuwt.
13p
De oanhelle wurden

foarmje it twadde en tredde elemint fan in opsomming.

hawwe betrekking op „gewoane minsken”.

hawwe betrekking op „gewoane minsken yn in ûngewoane situaasje”.

hawwe betrekking op „in ûngewoane situaasje”.
23p
Sis yn maksimaal 7 eigen wurden hoe’t Schaaf ferklearret dat „Fryslân yn 1939 de
iennichste provinsje sûnder in nasjonaal-sosjalist yn Provinsjale Steaten” (r. 20–21) wie.
Frieswijk jout sels in twadde oarsaak wêrtroch’t mooglik de nasjonaal-sosjalisten net yn de
Fryske Steaten fertsjintwurdige wiene. Hy brûkt dêrby it ’palet’ fan Fryske kranten as
yllustraasje.
33p
Hoe kin men út it ’palet’ fan Fryske kranten ferklearje dat der net in nasjonaal-sosjalist yn
Provinsjale Steaten siet?
Yn alinea 4 neamt Frieswijk in „oar faset” dat Schaaf ûnder ús oandacht bringt.
43p
It earder neamde faset is

de polityk-sosjale betsjutting dy’t Ljouwert by it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch
foar Fryslân hie.

de sterke ferbûnens fan de Friezen mei it anty-revolúsjonêre en sosjaal-demokratyske
tinken.

it net opkommen fan in sterke nasjonaal-sosjalistyske beweging yn Fryslân.

net yn de tekst oan te wizen.
„Foar it earst… fan binnenút te tekenjen.” (r. 53–57)
54p
Meitsje mei gegevens út alinea 1 dúdlik wêrom’t dat net earder bard is.
63p
„Sa’t al sein is: it ’gewoane’ libben stiet yn dit boek sintraal.” (r. 58).
1 Dizze sin slacht werom op alinea 1.
2 Dizze sin slacht werom op alinea 5.

Bewearing 1 is wier.

Bewearing 2 is wier.

Beide bewearings binne wier.

Beide bewearings sinnen binne net wier.
De opbou fan alinea 7 is lang net dúdlik. Frieswijk stelt fêst dat Schaaf syn boek basearre
hat op besteande rapportaazjes, ferhalen en in deiboek.
73p
Jou oan wêrom’t dy opsomming yn it ramt fan dizze alinea tige betiizjend is.
„…de Ljouwerter Joaden betrouden derop dat it wol goed komme soe.” (r. 75–76)
83p
Sitearje in sinpart út in earder stik fan tekst 1 dat fan dy hâlding in ferklearring jout.
„Ek de Joaden … hinne moasten.” (r. 95–97)
93p
Op hokker fraach fan Frieswijk út tekst 1 kin dy rige fêststellingen in antwurd wêze?
Alinea 10 kin yn twa parten ferdield wurde.
106p
Skriuw yn eigen wurden de ynhâld fan elts part op; brûk net minder as 25 en net mear as
35 wurden.
113p
It begryp ’distânsje’ (rigel 1) is yn tekst 1 yn haadsaak

geografysk bedoeld.

moreel bedoeld.

persoanlik bedoeld.

temporeel bedoeld.
De lêste trije alinea’s fan tekst 1 foarmje it slot fan dy tekst en jouwe in soarte beoardieling.
126p
Wat is it ynhâldlike ferskil tusken dy trije alinea’s?
It middenstik fan Frieswijk syn besprek kin yn trije parten ferdield wurde.
133p
Wêr begjint it earste part?
143p
Wêr begjint it twadde part?
153p
Wêr begjint it tredde part?
„It ’oerlibjen’ is in sintraal tema yn dit boek” (r. 48).
164p
Formulearje de grûngedachte fan Schaaf oangeande dit sintrale tema.
Ut alinea 11 en 12 docht bliken dat der noch in sintraal tema yn it boek is.
174p
Formulearje de grûngedachte fan Schaaf oangeande dit twadde sintrale tema.
Frieswyk sels hat ek in bedoeling mei syn tekst.
184p
Formulearje de grûngedachte fan Frieswijk yn tekst 1.
opgave 3Fragen oer tekst 1 en tekst 2
Yn tekst 1, alinea 1, giet it oer „it dwaan en litten fan minsken yn de oarlochssituaasje”,
„de dilemma’s dêr’t se foar te stean kamen” en „de wei dy’t se keazen”.
236p
Ut hokker alinea fan tekst 2 blykt konkreet dat minsken foar dilemma’s steld waarden?
Motivearje dyn antwurd.
243p
Sitearje út tekst 1, alinea 12, it sinspart dat in typearring jout fan de grûngedachte fan tekst 2.