opgave 1Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân
11pWat is it ferbân tusken de sinnen “De earste... it gewear.” (r. 1-4) en
“Dêr rûnen... de feiten.” (r. 4-5)?
De twadde sin is in

befestiging fan de earste sin.

nuansearring fan de earste sin.

tafoeging by de earste sin.

útlis by de earste sin.
21pWat is it ferbân tusken “Tagelyk makket … grutte wolvepopulaasjes.”
(r. 17-19) en alinea 3?

It is in foarweardlik ferbân.

It is in konkludearjend ferbân.

It is in oarsaaklik/redenjouwend ferbân.

It is in tsjinstellend ferbân.
“de feehâlders krije de jagers al oan harren kant, dy’t yn de wolf in
jachtkonkurrint sjogge.” (r. 56-58)
31pLis út wat dy konkurrinsje ynhâldt.
41pHokker foardiel sjogge jagers yn de komst fan wolven nei Nederlân ta?
“soe sa’n bist dat him net oan de regels hâldt, dochs ‘ferwidere’ wurde
moatte” (r. 69-71)
51pWêrom stiet it wurd ‘ferwidere’ yn de tekst tusken skrapkes?

De skriuwer drukt him op fersachtsjende wize út.

It is troch de skriuwer net sa serieus bedoeld.

It wurd wurdt net hielendal korrekt brûkt.
63pNeam trije saken dy’t Alterra regelje wol mei it each op de komst fan
wolven nei Nederlân ta. Helje dyn antwurd út de alinea’s 6 en 7.
As de wolf nei Nederlân ta komt, hat dit foar boeren neidielige gefolgen.
72pHokker twa negative konsekwinsjes kinst út de alinea’s 6 en 9 helje?
81pSitearje de sin út de alinea’s 6 oant en mei 8 dy’t útleit wêrom’t it wichtich
is om no al nei te tinken oer wat te dwaan as in wolf oerlêst jout.
91pWat is it ferbân tusken “foar it bewekjen fan de sûnens fan de wolven”
(r. 87-88) en alinea 9?

It is in ferlykjend ferbân.

It is in konkludearjend ferbân.

It is in oarsaaklik/redenjouwend ferbân.

It is in tsjinstellend ferbân.
101pHokker advys jout de skriuwer yn alinea 10?

Foarkom diskusjes oer omfang fan in wolvepopulaasje.

Meitsje gjin belied salang’t der noch gjin wolven binne.

Stel in konkreet wolvebelied op en kommunisearje dêroer.
112pOer hokker twa saken binne alle belutsenen it iens wat de komst fan
wolven nei Nederlân ta oanbelanget?
opgave 2Tekst 2 Leaver smeerooft en nútsjesmoar
121pWat is it ferbân tusken de ynliedende sinnen boppe de tekst en “Der binne
... smeerooft) hawwe.” (r. 1-5)?
Yn de beide earste sinnen fan alinea 1

wurde de ynliedende sinnen tsjinsprutsen.

wurde foarbylden jûn.

wurde redenen neamd.

wurdt in konklúzje lutsen.
Yn alinea 1 wurdt praat fan “úthiemske wurden”. (r. 9)
131pHokker wurd yn alinea 1 hat deselde betsjutting as ‘úthiemske’?
Yn alinea 1 wurde twa typen fan minsken neamd.
142pJou yn eigen wurden oan hokker twa typen oft dat binne.
Yn de tekst wurdt in tal âlde Nederlânske wurden jûn dêr’t de Bond tegen
Leenwoorden (BTL) him foar útsprekke soe.
152pNeam trije fan dy wurden.
“De BTL fynt it lienen fan wurden gefaarlik en beskôget it as in slimme
bedriging foar de eigenens fan de wurdskat.” (r. 44-48)
161pSitearje de slogan fan BTL dy’t oanslút by dit sitaat.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 17 en 18.
“Salang’t de measte taalbrûkers oan de skouders lûke, bliuwt it fjochtsjen
tsjin wynmûnen.” (r. 49-51)
171pHokker stylmiddel brûkt de skriuwer hjir?

Hy brûkt in eufemisme.

Hy brûkt in hyperboal.

Hy brûkt in metafoar.

Hy brûkt in paradoks.
181pWat bedoelt de skriuwer mei dizze útspraak?
191pWat wol de skriuwer yn alinea 5 mei it foarbyld fan germanismen dúdlik
meitsje?
201pYn hokker alinea’s wurdt beskreaun dat ynslûpsels yn it Nederlânsk net in
ferskynsel fan de lêste jierren binne?
De skriuwer neamt twa ferskillende aspekten fan “modernistyske
newspeak” (r. 84).
212pHokker twa aspekten binne dat?
“It bewekjen fan de diken hat gjin doel. De floedgolf oan frjemde wurden is
net op te kearen.” (r. 99-102)
221pSitearje it sinpart út alinea 5 dat itselde gefoel werjout.
“It leveret listkes op mei betochte of yn ûnbrûk rekke wurden, sa nuver en
apart dat mannich Fryskprater der wat om laitsje moat.” (r. 107-110)
231pYn hokker foargeande alinea spile dat ek foar it Nederlânsk?
241pMei hokker metoade soenen neffens de skriuwer wurden as ‘snoadfoan’,
‘tsjilredens’ en ‘sjoddy’ dochs wol yn it Frysk yngong fine kinne?
251pHokker karakteristyk past it bêste by alinea 12?

Alinea 12 jout de miening fan de skriuwer oer it omgean mei
ynslûpsels.

Alinea 12 jout in oplossing hoe’t ynslûpsels út in taal opkeard wurde
kinne.

Alinea 12 jout it gefolch oan fan ynslûpsels yn de taal.
opgave 3Tekst 3 In popkonsert is in sosjaal barren
261pWat is de funksje fan alinea 1?

Alinea 1 is de haadgedachte fan de tekst.

Alinea 1 is de oanlieding foar it skriuwen fan de tekst.

Alinea 1 is in anekdoate.

Alinea 1 is in gearfetting fan de tekst.
271pWat wurdt bedoeld mei ‘it fenomeen’ (r. 11)?
281pWat is it ferbân tusken de alinea’s 3 en 4?

It is in oanfoljend ferbân.

It is in oarsaaklik/redenjouwend ferbân.

It is in tsjinstellend ferbân.

It is in útlizzend ferbân.
291pWat is de haadgedachte fan alinea 4?

De muzyk dy’t falt ûnder it begryp ‘spirituële muzyk’ is tige ferskillend.

De romte, dêr’t de muzyk yn klinkt, jout de trochslach foar hoe’t de
muzyk falt.

It boek
How music works jout op in skerpsinnige wize in byld fan de
ûntjouwingen.
302pLis út wat it ferskil yn aard is tusken de Westerske spirituële muzyk en dy
fan de Afrikanen.
Yn de alinea’s 5 en 6 wurde trije foarbylden neamd fan it effekt fan romte
op muzyk. Ien fan dy foarbylden is al ynfolle yn it ûndersteande skema.
313pFolje de oare twa foarbylden op deselde manier yn.
321pWêrom is in popkonsertseal oars ynrjochte as in klassike teaterseal?

De konsertseal moat geskikt wêze foar grutte klibers.

Der moat by in popkonsert ek romte wêze foar de sosjale funksje.

Popmuzyk hat ferlet fan in spesifike konsertseal foar de akoestyk.
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
331pWat is it ferbân tusken alinea 7 en de sin “De seal diktearret de situaasje.”
(r. 96)?

It is in foarweardlik ferbân.

It is in konkludearjend ferbân.

It is in redenjouwend ferbân.

It is in tsjinstellend ferbân.
“Hiel ferstille … soart romte.” (r. 104-107)
341pHokker foarbyld fan in oare oplossing jout de skriuwer yn de
neikommende alinea’s?

Gefoelige konsertgongers moatte net sa seure, en harren gewoan in
bytsje oanpasse.

It ôftwingjen fan de winske sfear bygelyks troch muzyk sûnder
fersterking te spyljen.

Op it webstek fan de konsertseal in listke pleatse mei gedrachsregels
foar konserten.
351pWat is it wichtichste skriuwdoel fan de tekst?

ferdivedearje

ynformearje

oantrune

oertsjûgje
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.