opgave 1Tekst 1 Serious gaming
11pWat is de wichtichste funksje fan alinea 1 foar de tekst?

Alinea 1 is in gearfetting.

Alinea 1 is in konklúzje.

Alinea 1 jout de oanlieding.

Alinea 1 jout de probleemstelling.
21pSitearje it sindiel dat de kearn fan alinea 2 foarmet.
31pWat is it ferbân tusken de sinnen “De Japanners … yn Amsterdam.”
(r. 35-36) en “Yn Tokyo … te kommen.” (r. 37-40)?
De twadde sin

is in foarbyld by wat yn de earste sin beweard wurdt.

leit út wat yn de earste sin bedoeld wurdt.

lûkt in konklúzje út wat yn de earste sin sein wurdt.

sprekt tsjin wat yn de earste sin steld wurdt.
“It efterhelle imago fan de game-yndustry kin dus al lang de jiske-amer
yn.” (r. 13-15)
42pNeam twa foarbylden fan dat efterhelle imago. Helje dyn antwurd út de
alinea’s 1 oant en mei 4.
51pSitearje de sin dy’t in definysje fan ‘serious games’ jout.
61pHokker wurd omskriuwt de aktiviteit dy’t oan it eigentlike ûntwerpen
foarôfgiet? Helje dyn antwurd út alinea 6.
72pNeam twa foardielen fan it spultsje dat Grendel Games ûntwikkele hat
foar bern mei in serebrale parese (alinea 7).
81pSitearje út de tekst in oar wurd foar ‘laparoskopy’ (r. 174).
Grendel Games operearret ynternasjonaal.
92pJou de twa foarbylden dêrfan dy’t yn de tekst neamd binne.
102pYn hokker trije alinea’s wurdt mear ferteld oer in tal serious games dy’t
Grendel Games ûntwikkele hat?
112pWêryn ferskilt de doelgroep út alinea 8 mei de earder neamde
doelgroepen?
121pWat hat de skriuwer as wichtichste skriuwdoel foar eagen?

ferdivedearje

ynformearje

oantrune

oertsjûgje
opgave 2Tekst 2 Drinkende bern: sloppe âlden
“It is altyd itselde ferske.” (r. 1)
131pOmskriuw mei eigen wurden wat dat ferske ynhâldt.
Brûk net mear as 20 wurden.
141pWat is it ferbân tusken “Mar freegje … se drinke.” (r. 6-9) en de alinea’s 2
en 3?
Yn de alinea’s 2 en 3

bringt de skriuwster in nuansearring oan by de bewearing.

ferbynt de skriuwster in konklúzje oan de bewearing.

leit de skriuwster út hoe’t se by de bewearing komt.
151pWat wie neffens alinea 4 de reaksje fan Petra Hoekstra op de
ûnderfiningen fan de skriuwster?

Se lei de redenearring fan âlden út.

Se naam it op foar de bern.

Se tocht dat der neat oan te dwaan is.

Se wie der net al te besoarge oer.
“Mar blykber leinen dy har der dochs by del, dat harren eigen jonge de
iene nei de oare jûn smoardronken thúskaam.” (r. 24-27)
162pNeam twa redenen wêrom’t âlden hjir neffens Hoekstra net folle tsjin
ûndernimme.
“En sjoch … dyn bern.” (r. 41-46)
171pHokker stylfiguer brûkt de skriuwster hjir?

irony

metafoar

paradoks

understatement
182pSitearje út alinea 6 de sin dêr’t de skriuwster in objektyf argumint yn jout
foar it ferbieden fan alkohol oan jongeren.
191pFan wa binne de wurden yn it tekstpart “Tsjin in … of acht.” (r. 59-66)?

fan âlden

fan jongeren

fan Petra Hoekstra

fan skriuwster Jantien de Boer
201pWat is neffens de skriuwster it swakke punt fan de jongeren?
Yn alinea 7 draacht de skriuwster in oplossing oan om it alkoholgebrûk
ûnder jongeren oan te pakken.
212pHokker twa eleminten befettet har oplossing?
“As in puber fan syn âlden net drinke mei, leart er dat er om frisdrank
freegje moat.” (r. 75-78)
Yn alinea 8 neamt de skriuwster lykwols in probleem.
221pHokker probleem neamt sy?
De skriuwster jout yn de alinea’s 7 oant en mei 9 in seistal negative
kwalifikaasjes oangeande it hanneljen fan âlden dy’t it brûken fan alkohol
by jongeren net ferbiede.
233pNotearje 5 kwalifikaasjes.
Teksten kinne bestean út:
1 feiten
2 mieningen fan oaren
3 de miening fan de skriuwer
241pWat komt foar yn dizze tekst?

1 en 2

1 en 3

2 en 3

1, 2 en 3
251pWat is de haadgedachte fan de tekst?

Alden en bern dy’t beide alkohol drinke, binne beide superstom.

Alden fan wa’t de bern op jonge leeftyd alkohol drinke meie, binne
slop.

Alden moatte jongeren ferbiede om alkohol te drinken oant se âld
genôch binne om ûnôfhinklik in kar te meitsjen.

Alkohol bringt net te ferhelpen skea ta oan it brein fan jongeren.
261pWatfoar tekstsoarte is de tekst ‘Drinkende bern: sloppe âlden’?

It is in riddenearring.

It is in skôging.

It is in útiensetting.
opgave 3Tekst 3 Help, de fyts ferhippet
271pWat is it ferbân tusken “De measte … thús dwaan.” (r. 15-17) en
“Fyts op … is makke.” (r. 17-19)?

It is in ferlykjend ferbân.

It is in konkludearjend ferbân.

It is in redenjouwend/oarsaaklik ferbân.

It is in útlizzend ferbân.
Yn alinea 1 stiet dat der yn Nederlân gjin demokratysker ferfiermiddel is
as de fyts.
281pSitearje de sin út de alinea’s 2 oant en mei 6 dy’t dat demokratyske
aspekt werjout.
“Mar it nivellearjende fan de fyts, it oer-Nederlânske elemint, ferdwynt ek.”
(r. 70-72)
291pWêr docht dat út bliken?
Dizze ynlieding heart by de fragen 30 en 31.
Kuipers en Van der Laan pleitsje yn de alinea’s 8 oant en mei 12 beide
foar it ‘gewoan’ hâlden fan de fyts.
301pHokker argumint jout Kuipers yn alinea 10?
312pHokker twa arguminten jout Van der Laan yn de alinea’s 11 en 12?
321pWat is it wichtichste skriuwdoel fan de tekst?

ferdivedearje

ynformearje

oertsjûgje
331pHoe wurdt de titel ‘Help, de fyts ferhippet’ it bêste ferklearre?

De fyts wurdt hieltyd mear in artikel foar in bepaalde maatskiplike
klasse.

De fyts wurdt yn Nederlân hieltyd faker troch de auto ferfongen.

De fyts wurdt ynternasjonaal in hieltyd wichtiger ferfiermiddel.

De fyts wurdt te djoer foar de gewoane man.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.