opgave 1Tekst 1 Yn de oanfal!
11p
Wat is de funksje fan alinea 1?
A Alinea 1 is de gearfetting fan de tekst.
B Alinea 1 is de ynlieding fan de tekst.
C Alinea 1 is de konklúzje by de tekst.
D Alinea 1 jout de probleemstelling fan de tekst wer.
22p
Jou de haadgedachte fan alinea 2. Brûk net mear as 10 wurden.
31p
Wat is it ferbân tusken alinea 2 en 3?
A foarweardlik
B konkludearjend
C opsomjend
D útlizzend
42p
Jou de haadgedachte fan alinea 4.
Brûk net mear as 5 wurden.
Neffens alinea 5 moat immen dy’t it Frysk machtich is dêr materieel foardiel fan
hawwe.
52p
Hokker sinpart yn alinea 3 jout dêr in útwurking fan?
61p
Wat is it ferbân tusken “It Frysk … deistich bestean.” (r. 58-65) en “Allinne ûnder
… taal oerein.” (r. 65-67)?
A foarweardlik ferbân
B opsomjend ferbân
C redenjouwend ferbân
D útlizzend ferbân
71p
Wat is it ferbân tusken “In machtiger … en draachflak” (r. 68-74) en
“Dêrom moat … diskusje komme” (r. 74-75)?
A foarweardlik ferbân
B opsomjend ferbân
C redenjouwend ferbân
D útlizzend ferbân
Willem Verf pleitet foar in brede maatskiplike diskusje.
82p
Helje it tekstpart oan dêr’t dat ‘brede’ yn nei foaren komt.
Understeande sitaten binne bedoeld as ynlieding by de fragen 9 en 10.
“Wa’t de Fryske taal rêde wol, soe him in pear dingen realisearje moatte.”
(r. 107-108)
“Frysk is in prachtige taal, of better sein: wíe in prachtige taal.” (r. 115-116)
92p
Neam de twa oarsaken dy’t Koos Tiemersma jout foar de mindere kwaliteit fan it
hjoeddeiske Frysk. Brûk net mear as 15 wurden.
102p
Neam twa ‘dingen’ dy’t men jin realisearje moat as men in taal rêde wol.
“Willem Verf hat yn alles folslein gelyk.” (r. 138-139)
111p
Foar hokker alinea of alinea’s jildt dy opmerking?
A foar alinea 4
B foar alinea 4 en 5
C foar alinea 4 en foar in part foar alinea 5
D foar alinea 5 en foar in part foar alinea 4
122p
Lis yn heechút 15 wurden út wat it ferskil yn it befoarderjen fan it Frysk tusken
Koos Tiemersma en de wurkgroep is.
132p
Hokker sin út de bydrage fan Willem Verf jout oan dat hy wierskynlik net in
protte betrouwen hat yn de oanpak fan Koos Tiemersma?
Koos Tiemersma en Mirjam Vellinga ha om deselde reden argewaasje fan it
Oanfalsplan.
142p
Watfoar reden is dat? Brûk net mear as 10 wurden.
151p
Wat is it ferbân tusken “Neffens harren … net mei...” (r. 162-165) en “En ik …
sels wol.” (r. 166-169)?
A ferlykjend ferbân
B opsomjend ferbân
C tsjinstellend ferbân
D útlizzend ferbân
162p
Hokker beswieren hat Mirjam Vellinga tsjin in brede maatskiplike diskusje oer it
Frysk? Brûk net mear as 25 wurden.
171p
Hoefolle prosint fan de Friezen soe neffens Willem Verf foar it fersterkjen fan
it Frysk wêze moatte om dêr enerzjy yn te stekken?
A 70%
B mear as 50%
C 30%
D 20%
E Dat is net út de tekst op te meitsjen.
181p
Hoefolle prosint fan de Friezen soe neffens Mirjam Vellinga foar it fersterkjen
fan it Frysk wêze moatte om dêr enerzjy yn te stekken?
A 70%
B mear as 50%
C 30%
D 20%
E Dat is net út de tekst op te meitsjen.
192p
Wurdt it taalbelied fan de Welsh Language Board ek tapast yn Fryslân?
Motivearje dyn antwurd mei in sitaat út ien fan de earste trije alinea’s.
202p
Hokker sinnen yn alinea 12 jouwe in foarbyld fan op-de-man-spyljen?
212p
Wat wurdt yn ferbân mei de tekst bedoeld mei ‘twongen houliken’ (r. 229)?
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
Koos Tiemersma skriuwt yn r. 90 ‘automatys’, yn r. 118 ‘agrarise’ en yn r. 129
‘Nederlânse’. Dat soe eins wêze moatte: automatysk, agraryske, Nederlânske.
Mirjam Vellinga skriuwt yn r. 218: ‘yts’. Dat soe eins wêze moatte: eat.
222p
Is de skriuwwize fan Koos Tiemersma en dy fan Mirjam Vellinga yn
oerienstimming mei harren hâlding foar it Frysk oer? Motivearje dyn antwurd.
Brûk net mear as 15 wurden.























