opgave 1Tekst 1 Gefaarlike folkloare
11p
Wat is de funksje fan alinea 1?
A gearfetting
B konklúzje
C oanlieding
D probleemstelling
22p
Oer hokker ûnderwerpen wurdt der troch de betinkers eamele? Set dy
ûnderwerpen, elk apart, ûnder elkoar.
31p
Wat is it ferbân tusken “De tredde … nije details.” (r.1-13) en “Dy minsken … te
sizzen.” (r. 13-15)?
A ferlykjend ferbân
B konkludearjend ferbân
C opsomjend ferbân
D útlizzend ferbân
41p
Wêr ferwiist ‘Folkloare’ (r. 15) nei?
A de Betinking fan de Slach by Warns
B de Fryske saak
C de kleisangen fan de betinkers
D de Slach by Warns
51p
Oer hokker twa groepen minsken wurdt yn alinea 2 praat?
61p
Wat bedoelt de skriuwer mei “sa bliuwt de betinking fan de Slach by Warns in
min besocht barren” (r. 43-45)?
A Der komme mar hûnderttûzen minsken op ôf.
B Der komme net folle Friezen op ôf.
C Der komme net folle ‘Fryske Bewegers’ op ôf.
D Der komt hielendal gjin jongerein op ôf.
71p
Wat wol de skriuwer dúdlik meitsje yn alinea 1-3?
A De betinkers fan de Slach by Warns kinne har better allinne mei folkloare
dwaande hâlde.
B De betinkers fan de Slach by Warns wolle mear as allinne mar folkloare.
C De betinking fan de Slach by Warns hat sa net folle sin en dy kin dêrom
better ferdwine.
D De betinking fan de Slach by Warns soe folle mear bydrage kinne oan it
bewarjen en fersterkjen fan de Fryske taal en kultuer en it soe dêrom oars
moatte.
82p
Hokker ferskil yn opstelling is der tusken it bestjoer fan de Stifting Slach by
Warns en it bestjoer fan it Kristlik Frysk Selskip? Brûk net mear as 25 wurden.
91p
Wat wurdt bedoeld mei “it oarspronklike doel” yn r. 54-55?
A It bewarjen en fersterkjen fan de Fryske taal en kultuer.
B It omgoaien fan it roer.
C It organisearjen fan aktiviteiten foar de leden.
D It yn stân hâlden fan de feriening.
102p
Wol de skriuwer mei de tafoeging ‘fyftich’ (r. 59) de oantsjutting ‘manmachtich’
fersterkje, ôfswakje of allinne mar neier ynfolje?
Motivearje dyn antwurd mei it sitearjen fan in sin of in sinpart út de tekst.
111p
Fan watfoar soarte arguminten is sprake yn r. 61-64?
A autorititeitsarguminten
B emosjonele arguminten
C empiryske arguminten
D morele arguminten
121p
Alinea 6 is in konklúzje by de alinea’s 3, 4 en 5. Wêr is dy konklúzje benammen
op baseard?
A ferliking en oerienkomst
B foar- en neidielen
C neidielen en gefolgen
D oarsaak en gefolch
De skriuwer konstatearret, wat de Fryske Beweging oanbelanget, in
tsjinstridichheid tusken teory en praktyk.
133p
Meitsje dat dúdlik. Brûk net mear as 25 wurden.
141p
Ta hokker tekstsoarte heart de tekst?
A riddenearring
B skôging
C útiensetting
















