bronnen

Eindexamen fries havo 2006, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Twatalichheid moat it Frysk rêde

“Yn samar in Ljouwerter Krante fan in sneon steane tsien berte-advertinsjes, fiif yn it Frysk
en fiif yn it Nederlânsk.” (r. 1-3)
12p
De skriuwer besiket dat byld yn twa opsichten te nuansearjen. Toan dat oan. Brûk net mear
as 40 wurden.
22p
Wat is it sintrale probleem yn dizze tekst?
A Dat de measte Friezen har net drok meitsje om harren taal.
B Dat de posysje fan it Frysk swak is.
C Dat it brûken fan it Frysk gjin ekonomyske foardielen jout.
D Dat it Frysk skealik is foar it ûnderwiisnivo.
31p
Wat is it ferbân tusken alinea 1 oan de iene kant en de alinea’s 2 oant en mei 5 oan de oare
kant?
A Ferlykjend ferbân.
B Oarsaaklik/redenjouwend ferbân.
C Opsomjend ferbân.
D Tsjinstellend ferbân.
41p
Wat is it ferbân tusken “In plysjeman... te brûken.” (r. 22-27) en “Yn Fryslân... wêze kin.”
(r. 27-34)?
A Oarsaaklik/redenjouwend ferbân.
B Opsomjend ferbân.
C Tsjinstellend ferbân.
D Utlizzend ferbân.
“En dus is Frysk min foar ús bern.” (r. 21)
52p
Mei wat foar argumint kinst dy opfetting bestride? Helje dyn antwurd út de twadde helte
fan de tekst. Brûk net mear as 15 wurden.
62p
Wat is de haadgedachte fan alinea 3?
A In plysjeman yn Baskelân moat it Baskysk net allinne ferstean kinne, mar ek prate.
B Underwizers kinne in grutte ynfloed hawwe op it taalgebrûk fan bern.
C Yn Baskelân en Wales is it finansjeel en ekonomysk oantreklik om de minderheidstaal te
praten.
D Yn Fryslân soe by fakatueres behearsking fan it Frysk faker ferplichte steld wurde moatte.

opgave 2Tekst 2 Emoasje fersus regels

72p
Wêr binne Niesen en Osinga it net oer iens? Brûk net mear as 15 wurden.
82p
Is it getal fan 135.000 opkrigen ljipaaien (r. 4-5) basearre op in miening of in feit?
Motivearje dyn antwurd. Brûk net mear as 20 wurden.
91p
Tsjin hokker faset fan it aaisykjen ferset Niesen him sterk? Brûk net mear as 5 wurden.
101p
Wêrom is de BFVW oprjochte?
De BFVW is oprjochte om
A de mooglikheden foar it aaisykjen te beheinen.
B de mooglikheden foar it aaisykjen út te wreidzjen.
C it aaisykjen foar Fryslân te behâlden.
D it aaisykjen yn Fryslân te ferbieden.
111p
Hokker doel stribbet de BFVW nei?
De BFVW hat hjoed de dei as stribjen om
A de mooglikheden foar it aaisykjen te beheinen.
B de mooglikheden foar it aaisykjen út te wreidzjen.
C it aaisykjen foar Fryslân te behâlden.
D it aaisykjen yn Fryslân te ferbieden.
121p
Wat is it ferbân tusken “Fryslân is...fan ljipaaien.” (r. 18-20) en “Mar dan... ljipaaien
meinimme.” (r. 20-21)?
A Ferlykjend ferbân.
B Foarweardlik ferbân.
C Redenjouwend/oarsaaklik ferbân.
D Tsjinstellend ferbân.
1 Fan de neisoarch komt neffens Niesen net folle op ’e hispel.
2 Friezen wolle neffens Osinga aaisykje fanwegen de neisoarch.
132p
Hokker bewearing(en) is / binne wier?
A Allinne bewearing 1 is wier.
B Allinne bewearing 2 is wier.
C Beide bewearingen binne net wier.
D Beide bewearingen binne wier.
142p
Is de argumintaasje fan Osinga yn r. 24-26 (“Mar hy... goede neisoarch.”) basearre op syn
eigen miening of op in feit? Motivearje dyn antwurd. Brûk net mear as 20 wurden.
151p
Is de ynfloed fan it aaisykjen op de ljippestân neffens Niesen negatyf of posityf? Ljochtsje
dyn antwurd ta. Brûk net mear as 10 wurden.
161p
Is de ynfloed fan it aaisykjen op de ljippestân neffens Osinga negatyf of posityf? Ljochtsje
dyn antwurd ta. Brûk net mear as 15 wurden.
172p
Kiest de skriuwer partij tusken Niesen of Osinga of bliuwt er neutraal? Motivearje dyn
antwurd. Brûk net mear as 25 wurden.

opgave 3Tekst 3 Fryske learlingen hawwe foarsprong

Understeande ynlieding heart by fraach 18 en 19.
“Op it rapport en de berjochtjouwing dêroer is hiel wat ôf te tingjen.” (r. 5-7)
182p
Wat falt op it rapport (r. 5-6) ôf te tingjen? Neam trije punten fan krityk. Brûk net mear as
35 wurden.
191p
Wat falt op de berjochtjouwing (r. 6) ôf te tingjen? Brûk net mear as 10 wurden.
201p
Wat is it ferbân tusken “De taalachterstân... yn Limburch.” (r. 20-26) en “It is... te praten.”
(r. 26-27)?
A Foarweardlik ferbân.
B Konkludearjend ferbân.
C Opsomjend ferbân.
D Utlizzend ferbân.
“Wy hawwe as men sa rekkenet sels in foarsprong fan in wike.” (r. 27-28)
211p
Meitsje dúdlik dat dy riddenearring net kloppet. Brûk net mear as 10 wurden.
Tink derom: de lêste fragen fan dit eksamen stean op de oare side.
De ferskillen yn taalprestaasjes tusken de Fryske en de Limburchske learlingen binne net sa
grut dat der konklúzjes oan ferbûn wurde kinne.
1 Dat is de konklúzje fan de berjochtjouwing yn de media.
2 Dat is de konklúzje fan de skriuwer.
3 Dat is de konklúzje fan it ûndersyk fan de Fryske Akademy.
222p
Hokker bewearing(en) is/binne wier?
A Allinne bewearing 1 is wier.
B Allinne bewearing 2 is wier.
C Allinne bewearing 3 is wier.
D Allinne de bewearingen 1 en 2 binne wier.
E Allinne de bewearingen 1 en 3 binne wier.
F Allinne de bewearingen 2 en 3 binne wier.
Bergsma beweart dat it in foarrjocht is om op in lytse skoalle te sitten (r. 46-48).
Yn alinea 2 suggerearret er lykwols dat in grutte skoalle miskien ek wol foardielen hat.
232p
Meitsje dat dúdlik. Brûk net mear as 25 wurden.
241p
Ta hokker tekstsoarte heart dizze tekst?
A Riddenearring.
B Skôging.
C Utiensetting.

opgave 4Tekst 4 Underweis nei de ivige jeugd

2512p
Meitsje yn minimaal fjouwer alinea’s en maksimaal 150 wurden in gearfetting fan dizze
tekst en behelje dêryn it folgjende:
• telomearen en DNA;
• telomearen en it ferâlderingsproses;
• telomerase en it ferâlderingsproses;
• telomerase en kankerbestriding.
√(Einde)
Lees verder