opgave 1Tekst 1 Untsteansskiednis fan Fryslân is in myte
11pWat is de funksje fan alinea 1?
A gearfetting
B konklúzje
C oanlieding
D probleemstelling
“Wannear is dyn passy foar skiednis ûntstien?” (alinea 2)
22pWêr komt Jensma syn antwurd op del?
Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
31pHokker ynfloed hat de filosofystúdzje hân op it tsjintwurdige wurk fan Jensma as
kultuerhistoarikus?
Brûk foar it antwurd net mear as 10 wurden.
“De tiid nei myn ôfstudearjen wie in drege tiid.” (r. 20-21)
41pWêrom wie dy tiid dreech foar Jensma?
A Hy hie gjin wurk.
B Hy hie noch net folle ûnderfining.
C Hy hie persoanlike swierrichheden.
D Hy hie yn dy tiid in konflikt.
“Wat hat in ynterdissiplinêr kultuerhistoarikus, dy’t alles graach yn grutte
ferbannen sjocht, mei sa’n statysk medium as in kanon?” (r. 36-39)
51pHokker ferbân wurdt yn boppesteand sitaat suggerearre tusken ‘in
ynterdissiplinêr kultuerhistoarikus’ en ‘sa’n statysk medium’?
A ferlykjend
B foarweardlik
C oarsaaklik
D tsjinstellend
62pNeam twa aspekten fan wat Jensma mei ‘mytyske gefoelens’ bedoelt.
Sykje it antwurd yn alinea 4. Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
71pWat is de oerienkomst tusken Het rode tasje van Salverda en de Fryske kanon?
Basearje dy by de beäntwurding op alinea 1, 4 en 5.
Brûk foar it antwurd neat mear as 15 wurden.
“Sa’n begryp as ‘frijheid’ … wer wat oars.” (r. 80-84)
81pWat is it ferbân mei de sin dy’t oan dy bewearing foarôfgiet?
A ferlykjend
B oarsaaklik
C tsjinstellend
D útlizzend
“Wy ha by it meitsjen fan de kanon foar twa doelen keazen.” (r. 88-89)
92pHokker twa doelen binne dat?
“Want bern fan no woartelje by eintsjebeslút net allinne yn de Fryske skiednis.”
(r. 102-104)
101pWat wol Jensma dêr mei sizze?
Bern fan no woartelje
A ek yn de histoaryske werklikheid.
B ek yn de moderne wrâld.
C ek yn harren identiteit.
D ek yn it saneamde hearlike Fryske ferline.
112pWat is neffens Jensma in wichtich elemint fan histoarysk tinken?
“‘Wy moatte ús losmeitsje fan Nederlân, wy ha ús tiid wol hân, of: dy ferrekte
Hollanners.’ Mar kinst ek sizze: ‘Wat betsjut dat eins, dat wy libje yn in lantsje
dat krimpt.’” (r. 123-127)
122pLis oan de hân fan de útroppen út wat it ferskil is tusken it âlde en it nije lesjaan.
Brûk foar it antwurd net mear as 20 wurden.
132pMeie Friezen grutsk wêze op harren ferline neffens Jensma?
Motivearje it antwurd yn net mear as 10 wurden.
Oanslutend by wat er yn de foargeande alinea sei, jout Jensma yn alinea 8 in
antwurd op de lêste fraach: “Libben der yn de kanonkommisje gjin nasjonalistysk
tinte foarkarren?” (r. 130-131)
142pIs út it antwurd fan Jensma op te meitsjen oft der al of net sokke foarkarren
libben yn de kanonkommisje?
Motivearje it antwurd yn net mear as 15 wurden.
151pWat is de haadgedachte fan tekst 1?
De ûntsteansskiednis fan Fryslân
A is in myte.
B feroaret hyltyd wer.
C leit no fêst yn de kanon.
D moat kritysk besjoen wurde.
opgave 2Tekst 2 Frisistyk giet oer mear as taal allinnich
161pAs professor doktor Tony Feitsma seit dat it Aldfryske wurd ‘frethe’ frede betsjut,
wat mankearret der dan neffens Jensma oan sa’n fêststelling?
Brûk foar it antwurd net mear as 5 wurden.
Yn “Foar in argeolooch … grûn oantroffen is.” (r. 161-164) wurdt in fergeliking
tusken in argeolooch en in taalkundige makke.
172pLis dy fergeliking út troch trije eleminten út dy fergeliking twa oan twa neist
inoarren te setten.
“Sûnder literatuer soe it Frysk earder ferdwine.” (r. 190-191)
182pSitearje de sin út alinea 15 dy’t de kearn fan de alinea’s 11 en 15 gearfettet.
192pWat bedoelt Jensma mei de kwalifikaasje ‘symboal-domeinen’? (r. 199)
Brûk foar it antwurd net mear as 20 wurden.
201pWat wurdt bedoeld mei ‘it’ yn de sin: “Dan krijt it wol wat in ‘massale’ oanhing.”
(r. 225-226)?
“Dy krimp sit him foaral yn de ôfbraak fan ynstitúsjes.” (r. 215-216)
211pWannear wie dat?
A Foar 1800.
B Yn de 19de ieu.
C Yn de earste helte fan de 20ste ieu.
D Yn de twadde helte fan de 20ste ieu.
“sûnder oan polityk dwaan te wollen trouwens.” (r. 240-241)
222pWêrom heakket Jensma dat ta oan it foargeande?
Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
“Om it hiel skerp en ek wat gekjeierich te sizzen: suver út de wittenskip wei
besjoen soe it geweldich wêze as it Frysk by myn libben noch útstjert.” (r. 247-
250)
232pWat wol Jensma mei dy opmerking bewize?
Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
242pHokker bysûndere ynhâld jout Jensma oan it begryp ‘Fryske literatuer’ yn alinea
10 en yn 14?
Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
251pWat is it ûnderskie tusken it begryp ‘fjilden’ yn alinea 15 en it begryp ‘domeinen’
yn alinea 11?
A In domein is breder as in fjild.
B In fjild is breder as in domein.
C In domein is in part fan in fjild.
D In fjild is in part fan in domein.
“pake praat better Frysk as heit en heit praat better Frysk as do.” (r. 300-301)
262pIs dat Jensma syn miening of is dat net Jensma syn miening?
Beärgumintearje it antwurd yn net mear as 20 wurden.
271pWat bedoelt Jensma neffens alinea 15 mei ‘oare kultuerprodukten’
(r. 308)?
A alle keunstfoarmen mei útsûndering fan de literatuer
B literatuer
C literatuer en alle oare keunstfoarmen
D literêre krityk
“Der soe diskusjearre wurde moatte oer hoe’t dat foarmjûn wurde moat.” (r. 324-
326)
282pWat is it probleem dêr’t Jensma hjir op tsjut?
Brûk foar it antwurd net mear as 10 wurden.
“Wat ik fierder... Frysk te rêden.” (r. 327-329)
292pWat moat it doel fan de Fryske taalbefoarderers dan al wêze?
Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
301pWat is de haadgedachte fan tekst 2?
A De literatuer is in part fan it Fryske domein.
B It Frysk moat in maatskiplike funksje hawwe.
C Skreaun Frysk is wichtiger as sprutsen Frysk.
D Sûnder literatuer kin it Frysk net fuortbestean.
Tekst 1 en tekst 2
Antine Zijlstra, de ynterviewer, brûkt ûnderskate fraachtypen.
Mei in suggestive fraach wurdt de oar it antwurd eins al yn de mûle jûn.
311pJou twa foarbylden fan in suggestive fraach út de teksten.
Yn in krityske fraach makket de ynterviewer dúdlik dat er it mei it foarôfgeande
net samar iens is.
322pJou trije foarbylden fan in krityske fraach út de teksten.
331pWat is it skriuwdoel fan Antine Zijlstra?
A ynformearje
B ferdivedearje
C oantrune
D oertsjûgje
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.