opgave 1Tekst 1 Grutte Pier ferbynt de wrâld
11pWat is de funksje fan de ynlieding boppe de tekst?
De skriuwer wol de oandacht fan de lêzer lûke mei

it fertellen fan in grappige anekdoate.

it formulearjen fan syn stânpunt.

it jaan fan in gearfetting foarôf.

it neamen fan de oanlieding.
21pWat is de relaasje tusken de ynlieding en de earste sin fan alinea 1?

argumint - konklúzje

doel - middel

oarsaak - gefolch

útspraak - foarbyld
31pHokker funksje hat alinea 1?

Alinea 1 leit út dat it wichtich wie dat der in soad reaksjes kamen.

Alinea 1 lit sjen hoe populêr oft Grutte Pier noch altyd is.

Alinea 1 sketst in byld fan de reaksjes oan it ûndersyksteam.

Alinea 1 tsjut oan dat net elkenien it ûndersyk serieus naam.
41pYn alinea 1 wurdt oanjûn dat minsken faak in stambeam stjoere as
genealogyske ynformaasje foar it ûndersyksteam.

Neam it wurd út alinea 2 dat in dokumint mei in ferlykbere funksje
oantsjut.
52pWêrtroch koste it neffens alinea 2 safolle tiid om út te sykjen oft minsken
famylje binne fan Grutte Pier?
Neam de twa oarsaken.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 6 en 7.
“By it ûndersyk stiet soarchfâldigens foarop.” (rigels 44-46)
Yn alinea 3 leit de skriuwer út hoe’t it kin dat der dochs flaters makke
binne.
61pHokker siswize brûkt de skriuwer om dat oan te jaan?
71pWat is de reden dat der dochs flaters makke binne?

Alde sibskipslinen kinne net altyd mei wissichheid fêststeld wurde.

Der binne saken oer de holle sjoen troch it grutte tal oanmeldingen.

Guon âlde gegevens oer sibskipslinen binne al lang lyn ferlerngien.

It team mocht op basis fan de sibskipslinen gjin DNA-ûndersyk útfiere.
81pWat is de kearnsin fan alinea 4?

“De reaksjes... altyd is.” (rigels 59-63)

“In oare... Grutte Pier.’” (rigels 68-70)

“Yn oare... ferteld wurde.” (rigels 74-76)

“Soms liedt... in lookalikekompetysje.” (rigels 79-81)
92pYn alinea 4 wurde redenen neamd dy’t minsken jouwe by it oanfreegjen
fan in Pierbewiis. Dat binne net allinne de uterlike oerienkomsten.

Neam twa oare redenen.
101pWat wurdt dien yn de lêste alinea?

Der wurdt in konklúzje formulearre.

Der wurdt in oprop oan de lêzer dien.

Der wurdt nei de takomst sjoen.

Der wurdt noch wat nije ynformaasje jûn.
111pWat binne de doelen fan de tekst?

ferdivedearje en ynformearje

ynformearje en oertsjûgje

oertsjûgje en ferdivedearje
121pWêr wurdt op doeld mei de titel van de tekst, ‘Grutte Pier ferbynt de
wrâld’?

BN’ers likegoed as ‘gewoane’ minsken binne tige entûsjast oer it
projekt.

Ien fan de doelen fan it projekt is dat Grutte Pier mear bekendheid krijt
yn it bûtenlân.

In protte minsken yn binnen- en bûtenlân tinke famylje fan Grutte Pier
te wêzen.

Troch in spesjale facebookside binne leden fan de Pier-famylje mei in-
oar yn kontakt kommen.
opgave 2Tekst 2 Ik wol it hiele bern hawwe
131pWat is de funksje fan de ynlieding boppe de tekst?
De skriuwer wol de oandacht fan de lêzer lûke mei

it fertellen fan in grappich ferhaaltsje.

it formulearjen fan in stânpunt.

it yntrodusearjen fan in persoan.

it jaan fan in konklúzje foarôf.
141p“Sy skriuwt graach boeken oer ûnderwerpen dy’t derta dogge foar de
jonge lêzer.” (rigels 6-9)

Neam de twa foarbylden fan ûnderwerpen dy’t neamd wurde.
151pHokker ferbân is der tusken de tekstparten “Trettjin dagen … ûndersykje
litten.” (rigels 12-21) en “Hanneke de Jong … foar wie.’” (rigels 22-29)?

It is in ferlykjend ferbân.

It is in opsomjend ferbân.

It is in tsjinstellend ferbân.

It is in útlizzend ferbân.
162pUt alinea 2 docht bliken dat Hanneke de Jong likegoed as haadpersoan
Marike út har boek ympulsyf is.

Jou foar allebeide in foarbyld út alinea 2.
171pWat is it doel fan de stichting ‘De Schoolschrijver’?
181p“nei fjouwer jier woe ‘De schoolschrijver’ de wjukken útslaan nei oare
kontreien.” (rigels 49-52)
Wat wurdt dêrmei bedoeld?

De stichting woe gruttere fariaasje yn literatuer.

De stichting woe mear trainingen oanbiede.

De stichting woe nije skriuwers behelje.

De stichting woe útwreidzje nei oare plakken ta.
191pWat is it ferbân tusken de tekstparten “‘ik hâld... feiten bliuwe.’” (rigels
64-67) en “‘In kwestje... de harsens.’” (rigels 67-69)?

It is in ferlykjend ferbân.

It is in konkludearjend ferbân.

It is in tsjinstellend ferbân.

It is in útlizzend ferbân.
201pWat docht Hanneke de Jong om rekken te hâlden mei saakliker ynstelde
bern?
211pHanneke de Jong wol as skoalskriuwer foaral it moaie fan taal sjen litte
oan bern.

Wêrom fynt sy dat wichtich?
221p“‘As skoalskriuwer mei ik ek ien kear mei de leararen oan it wurk. Dy haw
ik lêstendeis de opdracht jûn foar sa’n ferhaal.’” (rigels 107-111)

Wat bedoelt Hanneke de Jong mei ‘sa’n ferhaal’?
231pWat wie neffens alinea 8 de oanlieding foar Hanneke de Jong om it boek
oer ADHD te skriuwen?
241pWêrom wie de Fryske ferzje fan Hanneke de Jong har boek better as de
Nederlânske?
252pWêrom is Hanneke de Jong neffens alinea 8 bliid?
Neam de twa redenen.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 26 tot en met 28.
De tekst kin rûchwei ferdield wurde yn 4 parten:
Part 1: De persoan Hanneke de Jong
Part 2: In nije ûntjouwing
Part 3: Fantasy en gefoelens
Part 4: Hoe’t it boek ta stân kaam
261pBy hokker alinea begjint part 2?

alinea 2

alinea 3

alinea 4

alinea 5
271pBy hokker alinea begjint part 3?

alinea 4

alinea 5

alinea 6

alinea 7
281pBy hokker alinea begjint part 4?

alinea 5

alinea 6

alinea 7

alinea 8
291pFerklearje de titel “Ik wol it hiele bern hawwe”.
opgave 3Tekst 3 Ferbûn oan Fryslân
301pWat is de haadgedachte fan alinea 1?

Frysk as memmetaal hawwe is bysûnder.

In Frysk aksint heart by dyn identiteit.

It is handich om it daliks te sizzen datst Frysk bist.
311pHokker útspraak oer alinea 2 is wier?

De skriuwster wol in ferliking meitsje mei Papoea-Nij-Guinea.

De skriuwster wol oanjaan wat se moai fynt oan Fryslân en it Frysk.

De skriuwster wol sizze dat se leaver op Papoea-Nij-Guinea berne
wie.

De skriuwster wol útlizze wat de Fryske kultuer ynhâldt.
321p“Dat fyn ik allegearre sa by de Fryske taal en kultuer passen.”
(rigels 40-42)

Sitearje it tekstpart dat antwurd jout op de fraach: Wat past neffens de
skriuwster allegearre by de Fryske taal en kultuer?
331p“Wannear’t ik yn Grinslân bin en ik hear minsken sizzen dat der neat
boppe Grinslân giet, dan is myn reaksje altyd: “‘Der giet wol wat boppe
Grinslân, nammentlik Skiermûntseach en by myn witten heart dat noch
altyd by Fryslân’”. (rigels 47-54)
Wêrom seit de skriuwster dat?

omdat sy fan betinken is dat minsken út Grinslân de feiten net kenne

omdat sy minsken út Grinslân mei in grapke teplak sette wol

omdat sy net begrypt dat minsken út Grinslân hiel wat oars bedoele
342pYn alinea 3 fertelt de skriuwster oer har ûnderfiningen mei it Frysk op
fakânsje.

Jou oan hokker twa ûnderfiningen oft dat binne.
351p“Sa liket it wol dat ik hiel Frysk-nasjonalistysk bin” (rigels 86-87)
Wêrom soene minsken dat tinke kinne?
omdat de skriuwster

fan de Fryske taal, kultuer en it lânskip hâldt

it wichtich fynt dat minsken har mei har aksint akseptearje

oare minsken graach mei it Frysk platsmyt

wol dat Fryslân as in ûnôfhinklik lân funksjonearret
361pSitearje de sin út alinea 4 dêr’t de skriuwster har stânpunt oer de
mooglikheid fan Fryslân as selsstannich lân yn jout.
371pWat is it ferbân tusken de alinea’s 4 en 5?

It is in ferlykjend ferbân.

It is in oanfoljend ferbân.

It is in oarsaaklik ferbân.

It is in tsjinstellend ferbân.
381pWat is de wichtichste útspraak dy’t de skriuwster yn alinea 5 docht?

De Friezen foarmje tsjintwurdich gjin echte mienskip mear.

De Nederlânske ynfloeden yn Fryslân wurde hieltyd grutter.

It is wierskynlik net helber om it Frysk Frysker te meitsjen.

It Nederlânsk yn it Fryske ûnderwiis moat ôfskaft wurde.
391pYn hokker alinea(’s) freget de skriuwster har ôf oft Fryslân selsstannich as
lân funksjonearje kin?

yn alinea 3

yn de alinea’s 3 en 4

yn alinea 4

yn de alinea’s 3 en 6

yn de alinea’s 4 en 6

yn alinea 6
401pWat docht de skriuwster yn de lêste alinea?

Sy docht in foarsizzing.

Sy docht in oprop.

Sy jout in gearfetting.

Sy jout nije ynformaasje.
411pWatfoar soarte tekst is dit?

in fiktyf ferhaal

in fraachpetear

in kollum

in nijsberjocht
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.