bronnen

Eindexamen fries vmbo gl/tl 2015, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 It stokje is oernommen

11p
Hokker funksje hawwe de beide ynliedende sinnen boppe de tekst?
A Se hawwe de funksje fan in yllustraasje by de tekst.
B Se hawwe de funksje fan in yntroduksje fan belutsenen.
C Se hawwe de funksje fan in konklúzje fan de tekst.
21p
“De betûfte … krekt trochgean.” (rigels 1-5)
Wat bedoelt de skriuwer mei dizze sin?
A Adriaan flagge op heech nivo.
B Adriaan fûn dizze fuotballers lestich.
C Adriaan hat noch ambysjes genôch.
D Adriaan wurke yn it betelle fuotbal.
31p
Wêrom is flagjen foar bûtenspul in dreech beslút? (rigels 5-6)
Helje dyn antwurd út alinea 1.
41p
Wat is it ferbân tusken “De betûfte … betelle fuotbal...” (rigels 1-11) en
“Excelsior-Dordrecht is... bjusterbaarlike wedstriid.” (rigels 11-23)?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
52p
“mar ûnferjitlik wie it wol.” (rigel 13)
Hokker twa bysûnderheden barden der yn de wedstriid Excelsior-
Dordrecht?
61p
“Oft it krekt sa kresjendo gean sil, is fansels noch de fraach”.
(rigels 28-30)
Wat wurdt hjir bedoeld?
It is noch de fraach oft
A Patrick de fuotspoaren fan syn heit presiis folgje moat.
B Patrick genôch motivaasje hâldt om echt fier te kommen.
C Patrick syn karriêre like goed gean sil as dy fan syn heit.
71p
“Ik wol besykje om in WK te heljen.” (rigels 31-32)
Wat fynt Adriaan fan dizze útspraak?
A Adriaan fynt dat de tiid der noch net ryp foar is.
B Adriaan fynt dat Patrick te folle lest fan perfeksjonisme hat.
C Adriaan fynt it in realistysk doel foar in talint as Patrick.
81p
“mar wat besielet in teener om op te hâlden mei fuotbaljen en him te
stoarten op it grinsrjochterjen?” (rigels 43-46)
Sitearje de sin út deselde alinea dy’t it antwurd jout op dy fraach.
92p
“Lykje se opinoar? Ja, klinkt it út twa mûlen.” (rigels 57-58)
Mei hokker trije foarbylden jouwe Adriaan en Patrick antwurd op dizze
fraach?
101p
Hokker ferskil tusken Adriaan en Patrick wat it begjin fan harren karriêren
oanbelanget wurdt neamd yn alinea 5?
A Adriaan begûn earst as skiedsrjochter, wylst Patrick fuort foar it
assistint-skiedsrjochterjen keas.
B Adriaan begûn op lettere âldens, Patrick as jongste assistint-
skiedsrjochter yn it betelle fuotbal.
C Adriaan hie der ferlet fan foaroan te stean, wylst Patrick leaver oan de
sydline stiet.
D Adriaan hie mear tiid nedich om de goede útstrieling te ûntwikkeljen,
Patrick hat fan himsels al de goede ynstelling.
111p
Wêrom hat Adriaan úteinlik keazen foar it assistint-skiedsrjochterskip
wylst er it skiedsrjochterjen moaier fûn?
121p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 5 en 6?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
133p
Yn alinea 7 leit Adriaan út hoe’t it fak fan assistint-skiedrjochters feroare
is.
Wat is der feroare?
Neam fjouwer feroaringen.
142p
Yn alinea 8 wurdt twa kear it begryp ‘duel’ brûkt: yn rigel 114 (‘duels’) en
yn rigel 117 (‘duel’). De ynhâld fan it begryp is net beide kearen gelyk. Ien
ferskil is ynternasjonaal-nasjonaal.
Wat is it oare ferskil?
151p
Wêrom fertelt Adriaan dat er wolris efter de bank kroep as Studio Sport
der foar wie?
A Hy fertelt dat omdat er efterôf fûn dat it better kinnen hie.
B Hy fertelt dat omdat er it net iens wie mei de krityk fan de
kommentatoren.
C Hy fertelt dat omdat er it net noflik fûn as er yn byld kaam.
161p
“Dat is ús lot.” (rigels 147-148)
Wat wurdt dêrmei bedoeld?
A Der wurdt bedoeld dat 96,7 prosint fan de beslissingen goed is.
B Der wurdt bedoeld dat ek by sa’n lyts tal flaters noch eamele wurdt.
C Der wurdt bedoeld dat flaters meitsje by minskewurk heart.
D Der wurdt bedoeld dat spilers kritysk binne oer de assistinten.
171p
Wat is it karakter fan alinea 10?
A It is in advys.
B It is in gearfetting.
C It is in konklúzje.

opgave 2Tekst 2 Hielendal Rens

181p
Hokker útspraak past it bêste by alinea 1?
A Alinea 1 jout de haadgedachte fan de tekst wer.
B Alinea 1 jout de oanlieding foar it skriuwen fan dit artikel wer.
C Alinea 1 jout in earste yndruk fan Rens Kroes.
D Alinea 1 jout in gearfetting fan de tekst dy’t folget.
191p
Wat kinst ôfliede út alinea 1?
A Rens Kroes fynt de ynrjochting fan it Saailân in foarm fan loftfytserij.
B Rens Kroes har idee oer de fernijing fan it Saailân is feroare.
C Rens Kroes mei graach út Amsterdam wei nei Ljouwert ta komme.
D Rens Kroes tinkt dat it nije museumkafee Thús te gek is.
201p
“Ik fyn it fantastysk.” (rigel 16)
Wêr ferwiist ‘it’ nei?
A nei it nije museumkafee (rigels 1-2)
B nei it Fries Museum (rigel 7)
C nei it resultaat (rigel 14)
D nei it wrimeljende folk (rigel 7)
211p
Hoe slút alinea 3 oan op alinea 2?
A Alinea 3 beskriuwt Rens har deistige praktyk.
B Alinea 3 ferklearret hoe’t Rens by har passy kommen is.
C Alinea 3 jout oan wat Rens noch berikke wol.
D Alinea 3 leit in ferbân mei Rens har ferhuzing nei de Rânestêd.
221p
Hokker kopke past it bêste boppe alinea 3?
A Beweging
B Life coach
C Thús
D Weblog
231p
Hokker dielûnderwerp út alinea 3 wurdt yn alinea 4 útwurke?
A de geastlike problemen fan minsken dy’t te swier binne
B in weblog oer sûn iten en drinken
C it kreëarjen fan in bining mei pasjinten
D súkses by parse en publyk
241p
Yn alinea 5 fertelt Rens oer de relaasje mei har suster.
Sitearje it sinpart dêr’t se it gefoel by dy relaasje yn beneamt.
251p
“se fangt har eigen ljocht.” (rigel 75)
Hokker ferbân is der tusken dit sinpart en it dêrop folgjende stik fan
alinea 6?
A in konkludearjend ferbân
B in opsomjend ferbân
C in redenjouwend ferbân
D in tsjinstellend ferbân
E in útlizzend ferbân
261p
“Sy is in perfeksjonist.” (rigels 101-102)
Sitearje de sin út alinea 3 dy’t ek op dat perfeksjonisme wiist.
271p
“Rens hinget it rip altiten sa heech, dat se der krekt net by kin.”
(rigels 104-105)
Hokker stylmiddel wurdt hjir brûkt?
A byldspraak
B in eufemisme
C in hyperboal
D irony
281p
“Unwissens past oars hielendal net by har aard”. (rigels 112-113)
Sitearje de sin út alinea 7 dy’t dy útspraak ûnderstreket.
291p
Wêrom soe Doutzen Kroes net geskikt wêze om kommentaar op Rens har
wurk te leverjen?
Helje dyn antwurd út alinea 7.
301p
Yn alinea 8 stiet dat Doutzen har suster yn ’e kunde brocht mei nijsgjirrige
minsken.
Yn hokker alinea komt dat ûnderwerp ek oan de oarder?
A yn alinea 4
B yn alinea 5
C yn alinea 6
D yn alinea 7
311p
Wat is foaral it karakter fan alinea 9?
A It is in ferwizing nei Rens har favorite teaters.
B It is in oprop om foar de muzyk te kiezen.
C It is in takomstbyld fan Rens har muzikale karriêre.
D It is in warskôging tsjin perfeksjonisme en dreamerij.
321p
In skriuwer kin in tekst opbouwe út de folgjende ûnderdielen:
1 feiten
2 de eigen miening
3 de miening fan in oar of fan oaren
Ut hokker ûnderdielen bestiet dizze tekst foaral?
A 1 en 2
B 1 en 3
C 2 en 3
D 1, 2 en 3

opgave 3Tekst 3 Revolúsje yn de stasjonsstalling

331p
Hokker funksje hat alinea 1?
A it beskriuwen fan in probleem
B it fertellen fan in anekdoate
C it jaan fan in gearfetting foarôf
D it stellen fan in fraach foarôf
341p
Wat is it ferbân tusken alinea 1 en alinea 2?
A Alinea 1 foarmet tegearre mei alinea 2 in opsomming.
B Alinea 2 is in oanfolling op alinea 1.
C Yn alinea 2 wurdt in gefolch fan alinea 1 beskreaun.
D Yn alinea 2 wurdt in tsjinstelling fan alinea 1 beskreaun.
351p
“Om dat probleem út ’e wei te helpen” (rigels 20-21)
Hokker probleem wurdt bedoeld?
A dat fytsen stellen wurde út de stalling
B dat minsken harren fyts net goed delsette
C dat weesfytsen plakken beset hâlde
362p
Hokker twa foardielen biedt it projekt yn Zutphen?
371p
Wêrom mislearre sa’n soarte fan projekt yn Grins en Utrecht (alinea 4)?
381p
Hokker kopke past it bêste boppe alinea 4?
A eksperiminten
B technyk
C weesfytsen
392p
“Neffens Schaafsma is sa’n stalling in politike kar.” (rigels 69-70)
Neam twa saken dy’t geunstich binne as (troch de polityk) foar in
elektroanyske stalling keazen wurdt.
Helje dyn antwurd út de alinea’s 5 en 6.
401p
Yn hokker alinea’s wurdt de titel ‘Revolúsje yn de stasjonsstalling’ it meast
útlein?
A yn de alinea’s 1 en 2
B yn de alinea’s 2 en 3
C yn de alinea’s 3 en 4
D yn de alinea’s 4 en 5
E yn de alinea’s 5 en 6
411p
De skriuwer kin by it skriuwen fan in tekst gebrûk meitsje fan de folgjende
eleminten.
1 feiten
2 de eigen miening
3 de miening fan oaren
Hokker eleminten brûkt de skriuwer foaral?
A 1 en 2
B 2 en 3
C 1 en 3
D 1, 2 en 3
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.