bronnen

Eindexamen fries vmbo gl/tl 2013, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 It Frysk hie myn foarkar net

11p
Hokker funksje hat alinea 1?
A It is in gearfetting.
B It is in konklúzje.
C It is in oanlieding.
D It is in probleemstelling.
De ûndersteande ynlieding heart by de fragen 2, 3 en 4.
Neffens de rigels 1,2 en 3 is Marius de Boer earst muzikant, dêrnei pas
tekstskriuwer.
21p
Hokker feit út alinea 1 liket dêrmei yn tsjinspraak?
31p
Hokker sinpart út alinea 4 liket dêrmei yn tsjinspraak?
41p
Hokker alinea ûnderstreket dat er yn it foarste plak muzikant is?
52p
Hokker beide arguminten wurde neamd om de band de namme ‘Reboelje’
te jaan?
61p
Hokker tuskenkopke past it bêste boppe alinea 6?
A Foaral muzikant
B Gjin beheiningen
C Neptaal
D Wurkwize
71p
Hokker alinea’s geane oer de ynhâld fan de teksten yn de bondel Ik sjong
foar dy?
A alinea’s 5, 6 en 7
B alinea’s 5, 6, 7 en 8
C alinea’s 5, 7, 8, 9 en 10
D alinea’s 5, 8, 9 en 10
81p
Yn alinea 8 giet it om it liet Fersen, yn alinea 9 om it liet Djip yn myn siel.
Hokker bewearing is neffens De Boer wier?
A Beide lieten binne autobiografysk.
B Beide lieten binne net autobiografysk.
C Fersen is net autobiografysk, Djip yn myn siel al.
D Fersen is wol autobiografysk, Djip yn myn siel net.
De ûndersteande ynlieding heart by de fragen 9 en 10.
De tekst bestiet út fiif parten:
1 De persoan Marius de Boer
2 It ûntstean fan Reboelje
3 De opset fan de bondel Ik sjong foar dy
4 De oanpak fan Marius de Boer
5 Ofsluting
91p
Mei hokker alinea begjint part 2?
A mei alinea 2
B mei alinea 3
C mei alinea 4
D mei alinea 5
101p
Mei hokker alinea begjint part 3?
A mei alinea 3
B mei alinea 4
C mei alinea 5
D mei alinea 6
111p
Op hokker alinea slút alinea 11 ynhâldlik it bêste oan?
121p
Wat soe De Boer bedoele mei “it ynderlik konflikt fan de boargerman en
de dichter?” (r. 117-118)
It konflikt tusken
A al of net frou en bern
B goed en min gedrach
C werklikheid en dream
De ûndersteande ynlieding heart by de fragen 13 en 14.
Yn de bondel Ik sjong foar dy komme neffens alinea 5 ferskate soarten
lieten foar.
131p
Fan hokker soart liet is Fersen in foarbyld?
A It is in foarbyld fan in filosofyske prakkesaasje.
B It is in foarbyld fan in leafdesliet.
C It is in foarbyld fan in mearke-eftige tekst.
141p
Fan hokker soart liet is It hjirfoarmels in foarbyld?
A It is in foarbyld fan in filosofyske prakkesaasje.
B It is in foarbyld fan in leafdesliet.
C It is in foarbyld fan in mearke-eftige tekst.
151p
Yn de alinea's 8, 9 en 10 wurde ferskillende titels fan lieten neamd.
Hokker fan dy lieten stiet net op himsels?
A Djip yn myn siel
B Fersen
C It hjirfoarmels
D Tunnel fan it ljocht
161p
Wat is it wichtichste doel fan de tekst?
A ferdivedearje
B ynformearje
C oantrune
D oertsjûgje
171p
Yn in ynterview kin in sjoernalist gebrûk meitsje fan
1 feiten
2 de miening fan syn gesprekspartner
3 de miening fan oare minsken
4 syn eigen miening
Wêr makket Sietse de Vries yn dizze tekst yn haadsaak gebrûk fan?
A fan 1 en 2
B fan 1, 2 en 3
C fan 1, 2 en 4
D fan 1, 2, 3 en 4

opgave 2Tekst 2 Ik kaam net los fan de ferhalen

181p
De tekst begjint mei: “Ien kear... is stoarn”. (rigel 1-3)
Hokker bewearing past it bêste by dit stikje tekst?
A It is in anekdoate.
B It is in gearfetting.
C It is in konklúzje.
D It is in oanlieding.
191p
Yn de rigels 4 oant mei 7 stiet: “de minsken dy’t him foarôfgeand oan
Simmer 2000 It Wrede Paradys yn ’e pinne praat ha”.
Wat bedoelt de skriuwer fan dizze tekst dêrmei?
201p
Yn de rigels 3 oant mei 7 stiet: “Sa’n foarfal... praat ha.”
Sitearje út alinea 2 de sin dêr’t dy sterke bân ek út blykt.
211p
Hokker bewearing past it bêste by alinea 3?
A Bûtenlânske buertgenoaten sykje elkoar op.
B Emigranten krije yn har nij lân samar oare Friezen op besite.
C In nij boek soarget foar in toeristestream nei Fryslân ta.
D Poerfrjemde Friezen komme op besite by Speerstra.
221p
Hokker tuskenkopke past it bêste boppe alinea 4?
A Fernijde ferzje
B Nije ferhalen
C Tsien jier letter
D Werprintinge
231p
Yn de rigels 52 oant en mei 56 stiet: “Om’t de measten doedestiids al
aardich op jierren wiene, wie it te ferwachtsjen dat in part fan de minsken
út de earste ferzje fan It Wrede Paradys net mear libje soe”.
Hokker ferhaal slút it bêste by dy ferwachting oan?
A it ferhaal fan Willem van Dijk syn soan (alinea 5)
B it ferhaal fan Jan Velstra (alinea 6)
C it ferhaal fan Jappie Strikwerda (alinea’s 7 en 8)
241p
Wat bedoelt Willem van Dijk mei de útspraak: “Wy binne by de lêste knik
fan de tûmstôk”? (rigel 63-64)
A Hy bedoelt dat er belangrike saken leaver oan syn soan oerlit.
B Hy bedoelt dat er gjin grutte einen mear reizgje wol.
C Hy bedoelt dat er net sa lang mear te libjen hat.
D Hy bedoelt dat er op syn leeftiid gjin timmerman mear wêze kin.
251p
Hokker funksje hat alinea 8?
A It is in anekdoate.
B It is in konklúzje.
C It is in oanfolling.
D It is in oanlieding.
261p
Yn de rigels 113 oant en mei 116 stiet: “In hieltyd weromkommend tema
yn de oanfollingen oer de perioade 2000 - 2010 binne de gefolgen fan de
lânboukrisis foar de wrâld.”
Wêrom kin dat net jilde foar it emigranteferhaal oer Willem van Dijk
(alinea 5)?
271p
Jack Reitsma neamt yn rigel 127 it ferskynsel ‘kowerútsjessyndroom’.
Reitsma is sels net it slachtoffer fan dat syndroom.
Lis dat út.
281p
Hokker tuskenkopke past it bêste boppe it tekstpart fan de alinea’s 9
en 10?
A Jack Reitsma
B Kowerútsjessyndroom
C Lânboukrisis
D Superûndernimmers
291p
Hokker typearring past it bêste by alinea 12?
A It giet om in konklúzje út de hiele foarôfgeande tekst.
B It giet om in oprop om foar emigraasje talen te learen.
C It giet om in tal mieningen oer yntegraasje fan emigranten.
D It giet om in warskôging tsjin hastige emigraasje.
301p
Yn rigel 158 stiet it wurdsje ’dêr’.
Wêr ferwiist dat wurdsje krekt nei?
311p
Hokker trije betingsten foar súksesfolle emigraasje wurde neamd yn de
alinea’s 11 en 12?
A De emigranten moatte hurd wurkje wolle, se moatte goed op ’e sinten
passe en yntegrearje.
B De emigranten moatte ree wêze om de taal te learen, se moatte har
omraak fermannichfâldigje en se moatte yntegrearje.
C De kultuer moat net hiel oars wêze as wat se wend wiene, se moatte
goed op ’e sinten passe, en se moatte har omraak fermannichfâldigje.
D De kultuer moat net hiel oars wêze as wat se wend wiene, se moatte
ree wêze om de taal dêr te learen, en se moatte hurd wurkje wolle.
321p
In emigrant is ien dy’t syn bertelân ferlit en yn in oar lân in nij bestean
besiket op te bouwen.
Wa is gjin emigrant?
A Willem van Dijk (alinea 5)
B Jan Velstra (alinea 6)
C Rommert Boonstra (alinea 7)
D Jappie Strikwerda (alinea 7 en 8)
E Klaas van der Veen (alinea 11)
331p
In skriuwer kin by it skriuwen fan teksten gebrûk meitsje fan
1 feiten
2 syn eigen miening
3 mieningen fan oaren
Wêr hat de skriuwer fan de tekst, de sjoernalist Sietse de Vries,
benammen gebrûk fan makke?
A fan 1 en 2
B fan 1 en 3
C fan 2 en 3
De ûndersteande ynlieding heart by de fragen 34, 35 en 36.
Nei de fetprinte ynlieding kin de tekst yn fjouwer stikken ferparte wurde:
1 Ynformaasje oer it ûntstean fan It Wrede Paradys en in pear gefolgen
fan de útjefte dêrfan.
2 Hylke Speerstra syn plannen oer in ferfolch op de ferhalen út It Wrede
Paradys fan 2000.
3 Foarbylden út de oanfollingen by de besteande emigranteferhalen út It
Wrede Paradys (nije ferzje).
4 Ynformaasje út noch net earder publisearre emigranteferhalen út It
Wrede Paradys (nije ferzje).
341p
Mei hokker alinea begjint part 2?
351p
Mei hokker alinea begjint part 3?
361p
Mei hokker alinea begjint part 4?
372p
Sietse de Vries besprekt yn de tekst de oanfolling op de earste ferzje fan
Hylke Speerstra syn boek It Wrede Paradys.
Hokker stikken derút lit hy by dat besprek bûten beskôging?

opgave 3Tekst 3 De sunige truck fan snelheidsfreak Nico

381p
Hokker ferbân is der tusken it sinpart “Hy is... hurd giet,” (rigel 1-2) en it
sinpart “mar foar... sunige auto” (rigel 2-6)?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
391p
Hokker ferbân is der tusken it tekstpart: “In Nissan GTR... mar € 120.000”
(rigel 6-10) en de sin: “No moat... samling miniatuersportauto’s.” (rigel
10-12)?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
402p
“Sûnder swierrichheden … en luchtwjerstân.” (rigel 17-20)
Hoe komt it dat Nico dat sa maklik kin? Neam trije ferklearringen.
412p
“Gong jout in kick”, (rigel 21) neffens Nico.
Yn hokker twa sporten is gong wichtich foar him?
Sjoch foar de lêste fragen de folgjende side.
421p
Yn rigel 42 stiet it wurdsje ‘dêr’.
Wêr ferwiist ‘dêr’ nei?
A It ferwiist nei de útdaging.
B It ferwiist nei entûsjiaste reaksjes fan de Makkumer.
C It ferwiist nei jongeren fan njoggen oant njoggentjin jier.
D It ferwiist nei National Geographic Channel.
431p
Wêrom betocht Nico him ûnderweis fan skoalle nei hûs ta?
A Hy die dat om’t immen oars al ris op dat idee kaam wie.
B Hy die dat om’t syn heit it idee net útprobearje woe.
C Hy die dat om’t syn idee hast net út te fieren wie.
D Hy die dat om’t syn idee net geskikt wie foar Green Dream District.
441p
Wêrom krige Nico de kâns om in enerzjysunige frachtauto te
konstruearjen?
A Omdat dat idee noch net útwurke wie foar it televyzjeprogramma.
B Omdat frachtauto’s djoer yn brânjeferbrûk binne.
C Omdat guon frachtautobedriuwen dêrom fregen.
D Omdat Nico opfoel troch syn iver.
451p
Nico gong tegearre mei ekspert Rudolf Huisman fan DAF-trucks
oan ’e slach.
Wêrom die Nico dat?
A Hy die dat om ynsicht te krijen yn enerzjysunige modellen fan
frachtauto’s.
B Hy die dat om ynsicht te krijen yn it brânjeferbrûk by frachtauto’s.
C Hy die dat om ynsicht te krijen yn miljeufersmoarging fan frachtauto’s.
D Hy die dat om ynsicht te krijen yn prizen fan ferskillende frachtauto’s.
462p
Yn de alinea’s 1 en 6 kinst lêze dat gong en technyk wichtich binne
foar Nico.
Sitearje út elk fan de beide alinea’s de sin dêr’t dat út bliken docht.
471p
Wat is it wichtichste doel fan de skriuwer fan de tekst, Koen Pennewaard?
A De lêzer yn ’e kunde komme te litten mei Nico Katsburg.
B De lêzer neitinke te litten oer it miljeu.
C De lêzer oan te trunen om nei Green Dream District te sjen.
D De lêzer op ’e hichte te bringen fan nije technyske ûntwikkelingen.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.