bronnen

Eindexamen fries havo 2025, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Lykas Grutte Pier: ‘Ik rêd mysels wol.’

11p
Hokker útspraak past it bêste by de ynlieding boppe de tekst?
A It is in anekdoate oer Steven de Jong.
B It is in gearfetting foarôf.
C It is in yntroduksje fan it ûnderwerp.
D It is in probleemstelling.
“‘Sa no en dan slagget it’”. (r. 7 en 8)
21p
Wêr slacht it wurd ‘it’ op werom?
Yn alinea 1 hat Steven de Jong it oer it fertellen fan it ‘echte’ ferhaal.
31p
Wat bedoelt Steven de Jong mei it ‘echte’ ferhaal?
“Lykas Grutte Pier: ‘Ik rêd mysels wol.’” (titel)
42p
Sitearje de twa sinnen út de tekst oant en mei alinea 2 mei deselde
betsjutting.
51p
Wat is it ferbân tusken de sin “In filmproduksje is net samar wat.”
(r. 34 en 35) en it tekstpart “Al mei … freget omtinken.” (r. 35-39)?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in oanfoljend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
61p
Wêr soe Steven de Jong graach stipe yn de foarm fan jild wei hawwe
wolle?
Helje dyn antwurd út alinea 4.
“In poepetoer is soks”. (r. 55)
71p
Lis út wat neffens Steven de Jong in poepetoer is.
Om de plannen fan Steven de Jong konkreet te meitsjen is der jild nedich.
Dat kriget er net.
81p
Wat kriget Steven de Jong neffens alinea 5 al dêr’t er net fierder mei kin?
Sitearje it wurd.
92p
Wêr komt it subsydzjejild wei dat yn alinea 5 op it aljemint komt?
“bedobbe ûnder in nust regels”. (r. 96)
101p
Hokker foarm fan byldspraak wurdt dêr brûkt?
A ferliking
B metafoar
C metonymia
D personifikaasje
“Dat is fansels de wrâld op ’e kop”. (r. 117 en 118)
111p
Op hokker probleem doelt Steven de Jong mei dy útspraak?
121p
Wat kin Steven de Jong hiel min berikke as er mei partijen yn see giet foar
it stypjen fan in filmproduksje?
132p
Sitearje de beide sinparten dy’t it hâlden en dragen fan Steven de Jong
werjouwe.
Helje dyn antwurd út alinea 7.
Wêrtroch wie it foar Steven de Jong dreech om syn earste film te
meitsjen?
141p
Jou de twa redenen.
Wêrom wol Steven de Jong in film meitsje oer Grutte Pier?
152p
Jou de twa redenen.
161p
Beskriuw hoe’t Steven de Jong jild ynsammele foar De Gouden Swipe.
171p
Beskriuw hoe’t Steven de Jong reklame makke foar syn films.
De tekst kin opdield wurde yn trije parten:
Part 1: De filmwrâld mei alles deromhinne.
Part 2: De jildstreamen yn en om de filmwrâld hinne.
Part 3: De Fryske films fan de hân fan Steven de Jong.
181p
By hokker alinea begjint part 2?
A alinea 3
B alinea 4
C alinea 5
D alinea 6
In skriuwer kin by it skriuwen fan teksten gebrûk meitsje fan
1. feiten
2. syn eigen miening
3. mieningen fan oaren
191p
Wêr hat de skriuwer fan dizze tekst benammen gebrûk fan makke?
A fan 1 en 2
B fan 1 en 3
C fan 2 en 3
D fan 1, 2 en 3
201p
Ta watfoar tekstsoarte heart dizze tekst benammen?
A redenearring
B skôging
C útiensetting

opgave 2Tekst 2 Jongeren moatte harren eigen ynfloed net ûnderskatte

211p
Hoe lûkt de skiuwer yn de ynlieding en alinea 1 de oandacht?
A troch in saakkundige op it mêd fan takomstlessen te yntrodusearjen
B troch in útlis te jaan fan de takomstlessen
C troch it jaan fan de oanlieding ta it meitsjen fan de takomstlessen
D troch it jaan fan in gearfetting foarôf
221p
Hoe kin it neffens Mark Boode dat hy lessen jaan moat oer de
klimaatkrisis?
A Omdat de learlingen der neffens him om frege hawwe.
B Omdat hy fynt dat duorsumens ûnderdiel wêze moat fan it ûnderwiis.
C Omdat hy fynt dat it takomsttinken feroare wurde moat.
D Omdat it ûnderwiis dêryn neffens him tekoart sjit.
231p
Wêrom is neffens Mark Boode de takomst gjin gegeven dat fêstleit?
Helje dyn antwurd út alinea 2.
Yn alinea 2 pleitsje de Teachers for Climate foar duorsumens as ûnderdiel
fan alle skoalfakken.
241p
Sitearje it tiidwurd út alinea 2 dat as grûnslach jildt fan alle
ûntwikkelingen op it mêd fan duorsumens.
251p
Wat is it ferbân tusken it tekstpart “In ienfâldige … griene omjouwing.”
(r. 34-50) en de sin “‘Sa wol … oars kin.’” (r. 50-52)?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in opsomjend ferbân.
D It is in redenjaand ferbân.
Yn alinea 4 jout Mark Boode oan dat er bewiis hat dat alle mooglikheden
en karren net dúdlik en helder binne foar learlingen út it fuortset
ûnderwiis.
261p
Sitearje it sinpart út alinea 4 dat foar Mark Boode oantoant dat er it by it
rjochte ein hat.
271p
Hokker tuskenkopke jout de kearn fan alinea 4 it bêste wer?
A Fraachtekens
B It ûnderwiis
C Jongeren
D Karren meitsje
“Mar sy hawwe sels net folle hannelingsperspektyf.” (r. 74-76)
281p
Hâld dy útspraak stân yn alinea 5? Motivearje dyn antwurd.
“‘Mar as ik tsjintwurdich in broadsje hjerring yt, dan tankje ik de fisk wat er
foar my docht.’” (r. 96-98)
291p
Watfoar argumint brûkt Mark Boode foar it betankjen fan in fisk?
A emosjoneel
B empirysk
C feitlik
D moreel
301p
Hokker kopke past it bêste boppe alinea 7?
A Dúngebiet
B Yndoktrinaasje
C Ynformaasje
D Stikstof
“‘Dat is gjin moai nijs’”. (r. 118)
311p
Hokker stylfiguer sit yn it boppesteand sitaat?
A eufemisme
B hyperboal
C paradoks
D pleonasme
321p
Sitearje it wurd út alinea 7 dat itselde karakter hat as “Dat by diskusjes
oer takomst en klimaat de emoasjes heech oprinne kinne, fynt Boode net
sa frjemd.” (r. 122-124)
331p
Hokker kopke past it bêste boppe alinea 9?
A Earlik wêze
B Ferfelende feiten
C Grutte útdagingen
D Perspektyf biede
“It enerzjyprobleem … him ôf.” (r. 155-160)
341p
Wêr is boppesteand sitaat neffens Mark Boode in foarbyld fan?
A enerzjyearmoede
B fernuvering
C kreatyf wêze
D rykdomskonferinsje
De titel fan de tekst is: “Jongeren moatte harren eigen ynfloed net
ûnderskatte.” Yn alinea 5 wurdt in foarbyld jûn fan dy eigen ynfloed fan in
jongere.
351p
Yn hokker alinea wurdt der ek in aksje beskreaun fan in jongere?
Let op: de laatste vraag van dit examen staat op de volgende pagina.
361p
Hokker doelen hat Mark Boode benammen foar eagen mei syn ferhaal?
A ynformearje en ferdivedearje
B ynformearje en oertsjûgje
C oantrune en ferdivedearje
D oantrune en oertsjûgje
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift.