opgave 1Tekst 1 Rottweilers
13p
Wêr docht út bliken dat meester Vrijbuiter ûnotterdoks wie? Brûk net mear as 10 wurden.
24p
Yn alinea 3 en 4 wurdt de kat beskreaun. Neam twa eigenskippen út dat tekstpart dy’t net
oerienkomme mei it natuerlik aard fan it bist.
36p
Lis dúdlik út wêrom’t in liuw in ideaal húsdier wêze soe en in kat eins net. Brûk net mear
as 20 wurden.
43p
Hoefolle minsken wurde elk jier biten troch har eigen rottweiler?
12000.
Mear as 2400.
2400.
Minder as 2400.
Bewearing 1: Neffens de skriuwer is de rottweiler net geskikt as húsdier, omdat er in te
grutte bek hat.
Bewearing 2: Neffens it regear is de rottweiler net geskikt as húsdier, omdat er in te grutte
bek hat.
54p
Hokker bewearing(en) is/binne wier?
Allinne bewearing 1 is wier.
Allinne bewearing 2 is wier.
Beide bewearingen binne net wier.
Beide bewearingen binne wier.
De folgjende ynlieding heart by de fragen 6 o/m 8:
Yn in tekst kinne de folgjende soarten ferbannen in rol spylje: ferlykjend ferbân,
foarweardlik ferbân, konkludearjend ferbân, opsomjend ferbân, redenjouwend/oarsaaklik
ferbân, tsjinstellend ferbân.
63p
Hokker soarte ferbân bestiet der tusken alinea 5 en 6?
73p
Hokker soarte ferbân bestiet der tusken alinea 5 en 6 oan ’e iene kant en alinea 7 oan ’e
oare kant?
86p
Hokker soarte ferbân bestiet der tusken it tekstpart alinea 5 o/m 8 en it tekstpart alinea 9
o/m 13? Ljochtsje dyn antwurd ta. Brûk net mear as 25 wurden.
94p
Hokker twa betingsten wurde yn alinea 13 neamd? Brûk net mear as 15 wurden.
103p
Hokker hûnerassen wurde yn de tekst neamd?
113p
De skriuwer
is it foar in part iens mei de rottweilerbazen.
is it folslein iens mei de rottweilerbazen.
is it folslein ûniens mei de rottweilerbazen.
126p
Wat is de haadgedachte fan tekst 1? Brûk net mear as 10 wurden.
133p
Ta hokker tekstsoarte heart tekst 1?
Utiensetting.
Skôging.
Riddenearring.



























