153p
Set de neikommende wurden ûnder it kopke ’Highlands’ of ûnder it kopke ’Lowlands’:
1. Ingelsktalich 2. skieppehâlders en fiskerslju 3. polityk en ekonomysk sterker
4. East-Sutherland 5. ôfstjerproses 6. sosjaal swakkere taal
164p
Hokker funksje hat alinea 17? Kies út de folgjende begripen: gearfetting, gefolch,
konklúzje, taljochting, tsjinstelling.
Dorians stúdzje lit sjen wannear’t in taal ôfstjert.
174p
De wichtichste oarsaak is dat:

de oarspronklike befolking fuorttrekt.

sprekkers fan in minderheidstaal mei oarstaligen trouwe.

sprekkers fan in minderheidstaal wurden en sinskonstruksjes út de dominante taal
oernimme.

sprekkers fan in taal mei in hegere sosjale status in oerhearskjende ynfloed krije.
Ytsma (sjoch tekst 5) en Jonkman ha it beide oer it funksjonearjen fan it Frysk.
184p
Wa fan beiden is dêroer it meast optimistysk? Ljochtsje dyn antwurd ta en behelje dêryn
beide skriuwers. Brûk net mear as 25 wurden.
Tink derom: De lêste fragen fan dit eksamen steane op de oare side.
195p
Wat is de haadgedachte fan tekst 4: Prate jo NOCH …?

As sletten rûnten mei inkeld sprekkers fan in minderheidstaal, lykas it Gealic yn de
Skotske Highlands, iepenbrutsen wurde en feroarje yn rûnten mei mear sprekkers fan de
dominante taal, stjert de minderheidstaal ôf.

Dat oan it begjin fan de 21ste ieu noch 450.000 minsken yn Fryslân Frysk prate kinne, is
gjin praat: yn 2001 kinne hast sa’n heal miljoen minsken Frysk prate.

In taal dy’t net mear yn de eigen mienskip ynbêde is, lykas it Gaelic yn de Skotske
Highlands, stjert ôf.

It stjerren fan in minderheidstaal hâldt yn dat dy taal folslein oerjûn wurdt; it oernimmen
fan hieltyd mear wurden en sinskonstruksjes út in dominante taal is in teken fan libben: as
in ding net feroaret, is it dea.

It tsjûget fan arrogânsje om ien te freegjen oft er ’noch’ in bepaalde taal of in bepaald
dialekt praat; itselde jildt foar de omskriuwing dat der ’noch’ safolle minsken dy en dy
taal prate.

Neat is wisser as de taaldea, mar neat is ûnwisser as de oere fan de taaldea.