bronnen

Eindexamen fries havo 1999, tijdvak 1

bij dit examen

Lês earst de tekst goed troch.
Beäntwurdzje dêrnei de fragen en wurkje de opdrachten út.
Wynmûnen

opgave 1Tekst 1 Mûnen

12p
Hokker funksje ha de earste en de twadde alinea?
A Foarbyld.
B Ynlieding.
C Oanlieding.
D Stelling.
23p
Wat is de haadgedachte fan de tredde alinea? Brûk net mear as 15 wurden.
33p
Wat is it ferbân tusken de tredde en de fjirde alinea?
A Fraachstelling / antwurd.
B Fraachstelling / oanlieding.
C Probleemstelling / gefolch.
D Probleemstelling / útwurking.
43p
Yn alinea 3 giet it oer de fraach hoe’t eartiids de minsken de earste mûnen wurdearren.Yn
alinea 5 giet it benammen oer de relativearring fan it begryp ’moai’. Sitearje yn ferbân
dêrmei de sin út alinea 5 dy’t it dúdlikst oanjout wat de oerienkomst tusken beide alinea’s is.
54p
Yn alinea 4 wurdt negatyf oardiele oer wynmûnen. Is dat net yn tsjinspraak mei alinea 6?
Motivearje dyn antwurd. Brûk net mear as 20 wurden.
64p
Wat is de haadgedachte fan tekst 1?
A De measte minsken meie graach in mûne lije.
B De nije mûnen binne prachtich sa’t se binne.
C Hiel wat minsken meie de nijste mûnen net foar har eagen sjen.
D Miskien ha wy de tiid noch net hân om de nije mûnen moai te finen.

opgave 2Tekst 2 Bêste Henk

72p
Hokker alinea herhellet de arguminten út alinea 5?
83p
Alinea 9 en 11 geane beide oer it begryp ’moai’.Wat is fierder de ynhâldlike oerienkomst
tusken alinea 9 en alinea 11? Brûk net mear as 10 wurden.
93p
’Is ’moai’ dan itselde as: ûnskuldich en foarby?’ (tekst 1, r. 23–24).Wat foar antwurd jout
alinea 10 op dy fraach? Brûk net mear as 5 wurden.
104p
Sis yn eigen wurden wêr’t de wurdearring fan Dam foar de nije mûnen op basearre is. Jou
twa redenen. Helje dyn antwurd út tekst 1 en 2. Brûk net mear as 15 wurden.
114p
Wynmûnen moatte neffens Eppie Dam oan twa kritearia foldwaan. Hokker kritearia
binne dat? Helje dyn antwurd út tekst 1 en 2. Brûk net mear as 15 wurden.

opgave 3Tekst 3 Wynmûnepleach teisteret Fryslân

123p
Wat is de haadgedachte fan alinea 16? Brûk net mear as 20 wurden.
133p
Wêrom krije wynmûnen net in soad tsjinwyn? Helje dyn antwurd út al. 16 o/m 18. Brûk
net mear as 15 wurden.
144p
’Sa is it ek gien mei de mûnen út eardere tiden, ornearret Dam. Dyselde mûnen fine wy no
prachtich.’ (r. 77–78) Is dy passaazje yn oerienstimming mei Dam syn tekst 1? Motivearje
dyn antwurd. Brûk net mear as 25 wurden.
154p
Hindrik van der Meer ûndergraaft de argumintaasje fan Eppie Dam mei dy syn eigen
wurden. Meitsje dat dúdlik. Helje dyn antwurd út alinea 19–20 en tekst 2. Brûk net mear
as 30 wurden.
164p
’binne dizze nije mûnen lilk yn absolute sin (…)?’ (r. 20–21) Wat is it antwurd fan Hindrik
van der Meer op dy fraach? Ljochtsje dyn antwurd ta. Brûk net mear as 30 wurden.
173p
’… der moat goed neitocht wurde oer de plakken dêr’t se stean moatte.’ (r. 109–110) Tinkt
Eppie Dam der ek sa oer? Helje dyn antwurd út tekst 2. Brûk net mear as 10 wurden.
184p
Wêrom passe de wynmûnen neffens Hindrik van der Meer net yn it Fryske lânskip? Neam
twa redenen.
193p
’It is wol sa dat de iene mûne de oare net is.’ (r. 92). Hoe tinkt Eppie Dam dêr oer? Helje
dyn antwurd út tekst 1. Brûk net mear as 20 wurden.

opgave 4Tekst 4 Wynmûnen freegje grutskalige oanpak

’In wynmûne heart yn in kontekst te stean’ (tekst 2, alinea 12) seit Eppie Dam.
1 Dat is ek de miening fan Hindrik van der Meer (tekst 3).
2 Dat is ek de miening fan Hans Nauta (tekst 4).
203p
Kies it goede antwurd:
A Bewearing 1 is goed.
B Bewearing 2 is goed.
C Bewearing 1 en 2 binne beide goed.
D Bewearing 1 en 2 binne beide fout.
214p
Neffens Hindrik van der Meer wurde wynmûnen beskôge as ’in alibi om ús wat minder
soargen te meitsjen’. Se litte sjen ’dat wy mei-elkoar wat útfûn ha om de fersmoarging fan
it miljeu tsjin te gean.’ (alinea 18) Wat kin dêr tsjinyn brocht wurde? Helje dyn antwurd út
tekst 4. Brûk net mear as 20 wurden.
224p
Wat is de haadgedachte fan tekst 4?
A De oplossing fan it wynenerzjyprobleem freget om wynmûneparken op grutskalige
lokaasjes.
B In solitêre wynmûne leveret net in echt relevante bydrage oan de oplossing fan it
enerzjyprobleem.
C Troch noch mear lytse wynmûneparkjes soe foar grutte parten fan Fryslân wyldgroei
driigje te ûntstean.
D We meie ferwachtsje dat it net bliuwt by 1000 MW ynstallearre fermogen troch wynmûnen.
233p
Wêr binne Hans Nauta en Eppie Dam it oer iens? Brûk net mear as 10 wurden.
Tink derom: De lêste fragen fan dit eksamen steane op de oare side.
243p
Wêr binne Hans Nauta en Hindrik van der Meer it oer iens? Brûk net mear as 10 wurden.
253p
Wat soe Van der Meer oansprekke yn de oplossing dy’t Nauta foarstelt? Brûk net mear as
20 wurden.

opgave 5Tekst 5 Pleit foar sloop fan ’losse’ wynmûnen

263p
Kuurstra syn oplossing fan it wynenerzjyprobleem wurket twa kanten út. Meitsje dat
dúdlik. Brûk net mear as tsien wurden.
274p
27 Wat binne de foardielen fan de oplossing dy’t Kuurstra bepleitet? Neam trije foardielen.
Brûk yn totaal net mear as 30 wurden.
Einde